De ‘Itenser Runte’

29 januari 2014

in Verhalen

De measte ynwenners fan Heech witte it plakje Itens wol te finen – inkelde kilometers skean boppe Skearnegoutum. Pear huzen, pear strjitten, pear buorkerijen en fierder lân sa fier as it each rikket. En yn it midden fan it doarp in moaie âlde tsjerke mei in sadeltektoer.
Dy tsjerke is it sintrum fan de saneamde ‘Itenser Rûnte’. Dat is in kring fan minsken út ‘e fiere omkriten mei belangstelling foar ûnderwerpen dy’t mei godstsjinst te meitsjen ha. De moderator, de driuwfear is Douwe Willemsma, wethâlder, âld-skiednisdosint, griis, striidfeardich en net wurch te krijen.
Trije kear yn ’t foarjier en trije kear yn ‘e hjerst komme minsken – ek út Heech wei – yn Itens byinoar om te lústerjen nei in lêzing. Kopke kofje, stikje koeke yn ‘e pause en dan giet it oan.
Wa komme dêr om harren ferhaal te dwaan? Dominy Pieter van Oussoren fan ‘De Naardense Bijbel’, om in foarbyld te jaan. En heechlearaar Hoedemaker, pakesisser fan de bekende heit dy’t dominy wie. Hoedemaker sprekt oer de fraach: “Wat soe myn pake te sissen ha oer de tsjinwurdiche tiid?”

“Hoe kin soks no barre?!”

Ien fan ‘e dielnimmers yn Itens is Sijmen Duursma. Hy wennet sûnt it begjin fan dizze ieu mei syn frou Hanny yn Burgwerd. Foar dy tiid wennen hja hiel lang yn it midden fan it lân, yn Utrecht en yn Bunnik. Duursma wie heechlearaar ‘interne geneeskunde en klinische geriatrie’ oan it Universitair Medisch Centrum yn Utrecht. Doe’t hy klear wie ferhuzen hja nei it noarden fan it lân. Dêr leine fan beiden de woartels.
Fan Duursma wie ûnderwilens bekend wurden dat er in sterke belangstelling hie foar religie en foaral foar de ferskillende godstsjinsten, al syn hiele libben lang. Yn ‘e skoalbanken hearde hy ferhalen oer de goaden Wodan en Frija en Tonger, mar dy rôllen op seker momint allegearre fan harren troan en dêr komt dan íen god foar yn ’t plak – samar, yn in pear ieuen tiids, sûnder problemen, klear.

“Dat is raar”, fynt de skoaljonge, “hoe kin soks no barre?!”

Hy wol der mear fan witte, folle mear. Hy sparret alles wat him foar hânnen komt. Net in koarte snuorje, hy sil er syn libben lang mei trochgean.
Kin er dan net better theology studearje?
Nee, Duursma wol dokter wurde, hy giet medisynen studearjen.
Mar syn hobby bliuwt er trou. En as Douwe Willemsma him op in dei freget om foar de ‘Itenser Rûnte’ in lêzing oer in ûnderwerp te fersoargjen dan is de kar net slim.
Duursma lûkt syn samling ‘godstsjinst’ út ‘e kast. In hiele bult literatuur leit dêr klear, alles moai op oarder, klear om te brûken foar syn foardracht.
It is alles byinoar fierstentefolle foar ien jûn. It wurde twa jûnen. Beide jûnen is der in protte belangstelling foar de foardracht.
“Jammer om dat materiaal samar wer yn ‘e kast te stopjen”, sizze de kenners nei ôfrin. “Jo moatte it útjaan as boek…”
Om in lang ferhaal koart te meitsjen: Duursma makket de tekst klear foar in boekútjefte.

Yn ‘e hjerst fan it ôfrûne jier ferskynt syn boek ûnder de titel ‘Hoe wij één god kregen” – oorsprong en ontwikkeling van het monotheïsme’.

‘Hoe wij één god kregen’.

It is in moai boek – glânsjende omslach, meer as 200 bledsiden tekst op stevich wyt papier, 72 platen en plaatsjes yn kleur en in stik of tsien lânkaartsjes mei ferwizingen nei de ferskillende religies.
Yn it boek komt men bekende en minder bekende religies tsjin, krekt as de godstsjinst fan ‘e Soemeriers en fan it âlde Egypte, fan it Judaïsme en de Islam en fan it Christendom. It oersicht eindicht mei de jongste loat: it Bahái-geloof, mei syn sterke klemtoan op ienheit yn ‘e wrâld en fan alle minsken, yn en troch god.

Koartsein – in moai boek foar de leafhawwer om der it nije jier mei te begjinnen.

It boek is te krijen by de ‘Itenser Rûnte’, p.a. de Trekfeart 13, 8742 KG yn Burgwerd. Prys 19,95 euro plus 3 euro foar de porto. Iban nl 34 Rabo 0311 3023 19 t.n.v. S.A. Duursma te Burgwerd.

Simon van der Meer, It Eilân