De Leste Stoat

29 januari 2014

in Biljart

De Lêste Stoat? Hâld in Stamppottoernoai?

De Lêste Stoat is in biljetklup fan 32 biljetters fan 65 tot 87 plus. De klup is 20 jier werom oprjochte, troch in oantal biljetters yn it Heechhûs. Doe waard sein wy kinne wol in klup oprjochtsje, werop sein waard, dan bist do Jelle Jellesma, ús foarsitter want do hast in strik foar. Mar doe sei Jelle dan bist do Doekele Nauta ús penningmaster, want do hast it measte jild. Dat jier waard der wol biljetten mar neat opskreaun. It jier dêrop hat T. Rudolphie wat regels oanjûn en D. v/d Tol in notúlenboek oanskaft en it ien en oar opskreaun. Yn it earst kaam der jild yn ‘e poedelpot sa stiet beskreun, mar hoe is my net dúdlik, en der is ek gjin âldlid dy mij dat útlizze kin.

De namme De Lêste Stoat?, sjocht dat op de âlde biljetters dy ‘t der doe de tiid foar hiene om it spul wat te leren? Of wol it sizze dat in spyler dy’t achter stiet, soms mei de lêste stoat en gelok noch gelykspul meitsje kin of selfs winne kin? Yn it earst diene der ek froulju mei oan it spul, sa wurdt neamd G. Teerenstra en letter M. Vellinga, dit wiene meiwurksters fan Sinnema de behearder fan it Heechhûs dy‘t ek in spultsje mei spile. It waard in echte klup mei bestjoer en kontribúsje beteljen, wedstriden mei priisútrikking, en selfs wedstriden tsjin de Talma klup, de Burd, en Blauhûs.

De klup krige safolle leden dy koene net yn ien middei spylje, dêrom is de klup yn twa middeis opdield, fandêr in tiesdei- en in tongerdeisploech. Der wurde dan wer twa middeis regele om dizze ploegen tsjin elkoar spilje te litten en in middei foar it klupkampioenskip. Der waard neitocht oer in toernoai yn it Heechhûs dat moast dan trije dagen duorje. Doe waarden der twa biljettafels hierd en wiene der jûns wedstriden foar de prizen. Ferline jier ha se betocht it toernoai wat yn te koartsjen, troch trije tafels te hieren giet alles wat flugger en binne se ein fan de middei klear. De biljetters wurde dan yn klassen yndield nei hun kinnen, (poule’s) dêr kinne se dan winner fan wurde, der geane twa en in heale dei mei hinne.

Klossende ballen

Klossende ballen

Om it aardich te hâlden ha se betocht de lêste middei mei syn allen yn it Heechhûs te iten, no dat waard in sukses, in slokje en in miel stamppot andyvje, mei in toetje nei wat in feest. Dêr komt by, dat Klaas Teerenstra in klupliet skreun hat, dat hyt de klossende ballen (wize Droomland). Dy klossende ballen kinne soms gelok of ûngelok yn it spul bringe. Klaas sjongt de ferskes en mei elkoar it refrein Dreambal, no dan wurd der balte en is ’t feest. No wurdt der allang net mear stamppot iten, mar wat de pot skaft, en it is altyd lekker.

Dêrnei wurdt der troch de poulewinners tsjin elkoar spyle om toernoaiwinner of ien, twa, trije of fjouwer te wurden. Sa‘n toernoai is foar de mannen dy’t dit regelje in hiel karwei. Der moat ek in soad rekkenwurk dien wurde, wer’t in rekkenapparaatsje net oerstallich is. En dan foar elk lid in programmaboekje, dat der altyd kreas útsjocht want de biljetters moatte witte wannear en hoe let se biljette moatte dy dagen. De útslaggen fan de wedstriden kinne yn it programmaboekje noteare wurde, wer’t ek folop gebrûk fan makke wurdt.

Hulde oan al dy meiwurkers dy’t der foar soargje, dat dizze dagen sa moai slagje.

F.K.