Gedicht

29 januari 2014

in Verhalen

Gedicht – foar oerjuster

foar oerjuster
komt betoerjuster
nei oerjuster
komt juster

foar oaremoarn
komt moarn
nei oaremoarn
komt betoaremoarn

sa ha seis kear tsjuster
en sân kear ljocht
ús in nije wike brocht

sa draaie wy yn’t rûn
wa wit hoenear’t begûn

sa tolle wy derhinne
yn’t ljocht fan de sinne
wa wit wêrhinne

fmf