Hjoed wurdt in moaie dei

18 mei 2015

in Verhalen

Hjoed wurdt in moaie dei. ’t Is no noch betiid en in bytsje dizich, mar nei de kant fan Hommerts út klimt de sinne al omheech. De fûgels yn ‘e beammen by it wite húske op ‘t Eilân sjonge lûd. In stikmannich einen dobbert slieprich op it wetter fan ‘e mar. Se spotte útinoar as út it doarp in roeiboat mei in motorke oanfarren komt. De fiskerman oan it stjoer lit se moai gewurre. Hy faart kalm de mar op. Hy is de ienige. Oan ‘e wâl lizze de minsken noch yn djippe rêst. De einen strike wer del yn ’t wetter. En fierder is de wrâld ek rêstich.
Hjoed wurdt in moaie dei.

Jorritsma en syn jongere broer Jorritsma binne der yntiids bij. Se lûke de doar fan it appartemint achter harren ticht. Dan steane se noch even op it balkon om harren hinne te sjen.
Senior syn auto stiet klear op it parkeerplak. Der leit noch in dauwlaachje oer it lak mar de djoere wein sjocht der fierder kreas út.
De beide manlju ha ek beide harren knappe pakken oan. Hjoed sille se for saken nei Hollân. Op tiid fuort en dan kalm oer de Ôfslútdyk nei de sakerelaasje.
Se rinne de treppen ôf nei de auto.
Senior hellet de kaaien út de bûse en makket it portier iepen. Junior smyt syn jaske achteryn en giet nêst de sjauffeur sitten.
De auto lûkt kalm op, rydt oer de brêge by Piersma de Tollewei op en foar Talma State lâns. Dêr is al in frommiske dwaande om de glêzen te waskjen.
Senior toetert even. It frommis sjocht achterom. Moat hja de sjauffeur kenne? Se hellet de skouders op en giet fierder mei har karwei.
By de nije skoalle slaan de manlju de bocht om en ride op de krúsing oan.
En dan gebeurt it.
Fan links út it doarp wei komt in trekker oanriden mei in wein fol dong derachter. De trekker en de auto fan de Jorritsma’s binne op ’t selde momint by de krúsing. Senior hat de trekker yn ’t snotsje, mar hy hat foarrang. En wat docht de trekker? Dy rydt troch as wie der niks oan ‘e hân, as wie der gjin Jorritsma te bekennen. Mar dan hat de trekkersjauffeur him fersint. Senior rydt syn auto súver hast tusken de trekker en de wein yn en trapet dan hurd op de rem. Ûnderwilens stjoert syn claxon in toeter de wrâld yn as soe dy fergean.
De sjauffeur op ‘e trekker blykt in jongfeintsje te wezen. Dy trapet allike hurd op syn rem. It hiele spul stiet yn ien kear stil, midden op ‘e krúsing. De jonge springt fan syn trekker ôf en rint no op in drafke nei de wein fan de Jorrritsma’s ta.
Senior flokt hurdop. As er de jonge oankommen sjocht sistert er tusken syn tosken: “Bliksem, dat ek noch! Dy hufter hat in reis fertsjinne…”
Hy skuort it portier iepen en klâddet achter it stjoer wei nei bûten. Junior grypt him by syn jaske om him werom te skuorren, mar it jaske glipt him tusken de fingers troch. Senior stiet klear om syn tsjinstander in raam te ferkeapjen…
En wat docht it jongfeintsje? Makket er him klear om Jorritsma in opdonder te jaan? Absolút net. Krektoarsom.
Hy stekt syn hân út en hy seit: “Wolle jo my asjeblieft net kwea ôf nimme, mar wat sit ik fout! Ik kin mysels wol foar myn kop slaan, sa stom!”
Hy skoddet mei syn holle. “Haw ik jo slim skrikke litten?” freget er dan.
En wat seit Jorritsma? Stiet dy klear om de trekkersjauffeur in klap op syn kop te jaan? Net mear. ‘t Is krektoarsom.
Op itselde stuit wriuwt er syn dikke knûsten yn inoar. Hy seit: “Gjin probleem, jonge! Dit wie in misferstân, begryp ik. Komt faker foar. Nochris, wat my oangiet – gjin probleem! Mar in oare kear wol better út dyn eagen sjen! Okee?”
“Okee!”, seit de jongfeint wat ferstuivere, “Okee, bedankt en it bêste mei jo!”
Jorritsma senior krûpt achter it stjoer. Hy start de motor opnij en slacht rjochtsôf de Skatting op. En wat seit er dan tsjin syn broer?
“It is ek mar krekt hoe oft min sokke jonges temjitte trêdzje”, seit er. “Mei in bytsje begrip fan jo kant kin min in protte problemen oplossse…”

Hjoed wurdt in moaie dei.
Symon van de ’t Eilân 17