It blommenrek

29 juli 2015

in Verhalen

it blommenrek

it blommenrek

In goed moanne lyn fierde Afke fan Geart har fyftichste jierdei. Prachtich feest, prachtiche frou yn har moaiste klean en – net op it lêste plak – in prachtich kado fan har man. Geart wie der dit foarjier al op tiid by mei syn plan. Hy hat dit kear sels in kado klearmakke. Syn frou wie dizze maitiid by har freondin Gryt op visite en by har yn ‘e tún seach se in blommenrek stean. Op it rek stiene potten mei blommen en planten. En doe spriek Afke dizze wurden: “Wat fyn ik dit moai! Ik bin der súver jaloersk op.” Dat hearde Geart. Hy tocht: “Dit moat ik ûnthâlde. Sa’n kado moat ik sels ek meitsje kinne.” Letter soe bliken dwaan dat er dit better net tinke kint hie. It wie it begjin fan in projekt mei no en dan súver dramatieske kanten.

Geart hie goed tasjoen hoe of it blommenrek by Gryt yn mekoar stiek. It gie om twa opsteande planken fan in goeie meter en fjouwer lizzende planken dertusken fan deselde lingte. De lizzende planken leine op twa kear fjouwer latsjes dy’t oan de steande planken fêstmakke wiene. Einliks in hiel ienfâldiche konstruksje, tocht Geart by himsels, en dat wie ek sa. It hie de kleur fan staphorsterblauwe ferve. Dat wist er tafallich omdat hja koartlyn yn Staphorst west wiene. Oan de foarkant fan de steande planken sieten trije moaie rondingen. Dy soe hy sels net meitsje kinne mar in boumarkt yn Snits advertearde mei in dei wêrop jo planken kant en klear krije koene.
De man nei Snits, mar dêr slagge hy net. Nee, rondingen makke de boumarkt net, dat hearde net by de oanbieding, dat moast de man sels mar dwaan. Mei in gewoane seage? Nee, dêr ha jo in dekoupeerseage foar nedich. Dy koene se him dêr wol leverje. Ja, se koene him dêr noch folle mear leverje: seis planken en acht latsjes en fyftich skroeven en skuorpapier en staphorsterblauwe ferve. “Hokfoar ferve? staphorsterblauwe ferve?…” Dy kleur dêr hiene se noch noait fan heard. Dat koe hy better by in fervespesjalist bestelle.
Mei de hiele brot yn in grutte boumarktsek sette Geart werom nei syn hûs.
Hy moffele it spul wei yn it skuorke efterhûs. Afke soe der, foardat har jierdei oanbriek, niks fan merke. It moast in ferrassing bliuwe.
Op in jûn moast Afke nei in kenniske yn Snits. It koe wol let wurde. Geart hie der absolút gjin probleem mei. It kaam him einliks hiel goed út. En doe begûn de ellende.

Op de twa steande planken tekene hy trije rondingen. Dat slagge noch aardich. Doe de seage deryn. By de boumarkt hie er sa’n apparaat hiere kint. Dat gie al in stik minder. De planken woene net goed lizzen bliuwe ûnder it seagjen. Geart wie net de handichste fan it spul en hy koe no Afke ek net freegje om de planken fêst te hâlden. De tekening siet al gau ûnder it seagemoal en wie net mear te sjen. En de rondingen by Gryt wiene destiids in stik moaier!

By it seagjen fan de latsjes gie it net folle better. It foarboarjen om de skroeven straks wat handicher yn ‘e latsjes te krijen mislearre grandioas. Einliks hie er dêr in bankskroef foar nedich mar dy wie der net. Hy woe de planken en de latsjes, foardat er mei it fervjen begoun, moai opskuorje. It duorre net lang of it sicht yn it skuorke waard minder en minder. Op ’t lest siet alles ûnder in laach stof, Geart sels noch it meast. Hy probearre de planken nei it opskuorjen stoffrij te meitsjen mei waarm wetter mei in flutsje ammoniak deryn. De doar fan it skuorke stie ûnderwilens wagenwiid iepen. Geart hie it swit op syn foarholle stean.

De planken moasten no earst droegje foardat er se fervje koe. Hy wachtte in pear jûnen. Mei in rôllerke striek er earst de grûnferve en dernei de staphorsterblauwe ferve op de planken. Doe mei wite ferve in moai rântsje oan ‘e foarside. Dat die er ien kear en noch in kear – fyf kear yn fyf jûnen. It moat sein wurde: de planken diene hast sear oan ‘e eagen, sa’n djippe glâns lei erop.
Op ’t eintsje beslút moast it rek yn mekoar setten wurde. Dat is noch it slimste fan ’t hiele projekt wêst. It is net mear nedich om hjir te fertellen wat er allegear fout en mis en ferkeard gie by it konstrueren, mar sa is ’t wol gien.

Doe ’t Afke har jierdei oanbriek stie it blommenrek moarns bûtendoar yn ‘e bleek. De sinne skynde en der stiene potten mei blommen en planten op de planken fan it rek.     En wat sei de frou? Se sloech de hânnen yn mekoar en se sei: “Wat fyn ik dit moai! Dit rek is noch de helte moaier as dat fan Gryt…”

Symon van der Meer