In moai ferhaal by in waarme jierdei!

7 september 2015

in Verhalen

Op it terrein fan jachthaven De Eendracht stiet in lyts kafé. It draacht de namme fan Tante Sjuul. It is waarm op in sneontemiddei yn july, siz mar smoarwaarm. Yn it skaad fan in mânske parasol sit in steltsje minsken mei inoar te praten. In moaier plakje as oan it wetter kin men net fine. Ien fan ’e minsken is Willem Santema. Hy fiert hjoed syn jierdei. Mear as trijekwart ieuw lyn kaam hy as lyts mantsje yn Skearnegoutum op ‘e wrâld. Yn datselfde moaie doarp oan ‘e oare kant fan Snits komt yn dyselfde snuorje noch in jonkje op ‘e wrâld. Dat jonkje kriget de namme fan Hessel Bouma. En it mei dan op dy sneon yn july de jierdei fan Willem Santema wêze, it ferhaal dat no folget giet oer Willem syn âlde buorjonge en freon Hessel. Hja binne tegeare opgroeid, binne tegeare nei deselfde legere skoalle wêst en hawwe inoar letter ek nea meer út it each forlern.
Sadwaende sit Hessel no by Willem op ‘e jierdei.

Hessel Bouma hat yn syn jonge jierren de legere skoalle en de middelbêre lânbouskoalle besocht. Ien fan syn wurkstikken yn dy tiid is in opstel oer it ûnderwerp ‘Groei mee met de EEG’. Dat opstel helpt him om yn oanmerking te kommen foar in studyreis troch de EEG.

Net lang nei syn weromkomst yn Nederlân wurd er oproppen foar militêre tsjinst. Hy komt by de geneeskundige troepen terjochte en dêr falt er mei syn noas yn ‘e bûter. Syn kommandant is in dokter en in fanatieke sportsman. De man is gek op sport. Hessel past prachtich by dizze man. Hessel is in ferwoede hurddraver en hat al belangrike nationale prizen woun. En wat hy earder al prestearre hat op de skilatten dat komt noch. Hessel en syn kommandant fulle inoar prachtich oan. It is in hiel moaie tiid. Dernei giet er nei Amerika. Dêr is hy seis moanne by boeren en dernei seis moanne nei it College op de Universiteit fan Wisconsin.

Yn 1966 trout Hessel mei Swaentsje Bouma. (Nee, gjin famylje.) Se krije trije jonges en ien famke. Hessel en Swaentsje binne fjirtich jier trout en tweintich jier dêrfan hat Swaentsje lêst fan de sykte MS. En as dat noch net genôch is kriget hja in goed jier nei it fjirtichjierich houlik berjocht dat se kanker hat, in earnstige foarm fan baarmoederhalskanker. Man en frou oerlizze mei de dokter wat te dwaan. Der is wol behanneling mooglik mar dat sil de kwaliteit fan it libben net goed dwaan. Hja beslúte om dat nei te litten. Hessel en de bêrn en thuiszorg fersoarchje mem mei leafde. In goed jier letter komt Swaentsje te ferstjêrren.

Hessel hat ûnderwilens syn fleispiekenbedriuw grutter en grutter groeien sjoen, oant in miljoen pieken no, op 10 lokaasjes yn Noardnederlân mei in stik of 5 meiwurkers en mei 8 franchisers. Hy is in echte ûndernimmer. Dan komt dizze winter de fûgelpest de sfear bedjerren. LTO Nederlân docht der neffens Hessel net genôch oan. Hy hat in jonge buorman dy’t ek yn ’t fak sit. “Soeststo net yn it bestjûr fan LTO wolle?” freget Hessel him. Nei wat omwrakseljen seit de jongeman: “Okee, mar dan stel ik dêr wol wat tsjinoer…” Hy freget oan Hessel of hy dit jier meidwaan wol oan ‘e fytstocht nei en op de Alpe dHuez, in hege berch yn ‘e Frânske Alpen, mei it doel om jild byinoar te fytsen foar it kankerûndersiik. Hessel hat fan syn libben noch nea yn ‘e bergen fytst mar hy seit ‘ja’. Hy hat in gewoane Batavusfyts, gjin útwrykse sportfyts, hat nea oefene, mar ‘ja‘ is foar him ‘ja’.
Yn de wike fan ‘e tocht op de Alpe dHuez past er syn fyts en dy fan in goeie kunde yn ‘e auto. Op de sneintemoarn ride se nei de Alpen yn Frankriik. Hessel kent dy streek noch fan eartiids. Hy hat er yn syn jonge jieren altyd yn it foarjier jierenlang op de skilatten stien en er in protte plakken besocht.

As se by de berch oankomme helje se op moandei harren fytsen út ‘e auto. Se ride in stik of wat bochten nei ûnderen ta, om wat te oefenjen en te prebearjen. Dat giet. It falt net ôf. Dan nei boppen. Dat is oare koeke…
Op de woansdei foar de grutte dei – tongersdei 4 juny 2015 – is der in besinningsgearkomste. Der komme 200 LTO-boeren en 200 partners op ôf. In stik of wat boeren út it Noarden, en alle oaren út Brabant. Yn it súden libbet it fytsen folle mear as yn Fryslân. Op de gearkomste sprekke inkele minsken mei erfaring en twa jonge medyske ûndersikers. Dat is ynspirearjend, it is in mentale oppepper!

Hessel

Hessel

De oare deis sil it heve. Moarns om fiif oere stiet Hessel mei syn fyts oan ‘e foet fan de berch, tegearre mei 200 boeren en 5000 oare fytsers. Hy set útein, kalm-oan, net to gek. It giet aardich. Mar geandewei wurdt it dreger en dreger. Syn freondinne rint de berg op. Hessel skrept tsjin de hichte op. Gong hat er net mear. Somtiiden stiet er kompleet stil. Dan set er de fyts dwers op ‘e dyk om de fuotten wer op ‘e trapers te krijen. Hy moat wer fierder, en fierder, en fierder… It swit stiet him mei kobben op syn kop mar net allinne dêr. It stiet oer syn hiele lichem. Sil er belies jaan? Mar nee, blinder nee, hy moat nei de top en net opjaan ûnderweis. Sa wrot er en sa skrept er en sa bealicht er troch, meter for meter. Om fiif oere is er fertrokken, it wurdt seis oere, it wurdt sawn oere, en hy komt noch altyd foarút. “Noch even Hessel”, tinkt er, “folhâlde no!” Healwei achten… Hy sjocht yn ‘e fierte de top. Trochsette, Hessel! Noch hiel even, de lêste meters… En dan, dan stiet er op ‘e berch, boppe op de berch! Hy faget it swit út syn eagen en it wetter út syn noas. Hy ís er, hy hat it helle!

Hy sjocht om him hinne. Der binne mear minsken arrifearre, de measten mear dea as libben, mar hja binne der. Der rinne ek minsken mei materiael foar in TV-útstjuring. Dy sjogge him oan mei grutte eagen. Freget ien fan ‘e mannen him: “Wat dogge jo hjir, wat moat dat mei dy fyts… Dêr ha jo net op fytst…” Seit Hessel: “Op dizze fyts bin ik nei boppen klom fan ‘e moarn.” De man ropt syn maten derby. Dy binne fan ‘e Frânske televyzje. Hy fertelt harren yn rap Frânks it ferhaal. Dat wolle se net leauwe. “Op dizze fyts, jo man, hoe âld binne jo?!” freegje se. As Hessel antwurd jowt sizze de mannen: “Dat moatte wy fêstlizze, dit is te gek, hjir sit in prachtich stik televyzje yn! Akkoard?”
Hessel knikt. Dan begjinne de kamera’s te snorren en Hessel fertelt syn ferhaal, ynklusyf it goeie doel fan ‘e kankerbestriding. Hy fertelt it yn it Ingels, dat leit him better as it Frânsk. De mannen fine dat bêst, dy binne blij mei syn ferhaal. It sil nei alle betinken útstjurd wurde neí de Tour de France. Hy kriget noch berjocht wanneer presiis.
Wat de televyzje net mear meinimt dat is de opbringst fan de tocht: seishûnderttûzen euro troch dizze fytsers út Nederlân en fyftjin miljoen yn totaal, allegear foar it kankerûndersiik. Dat is geweldich!

Mar wat noch de measte yndruk makket op Hessel en wat him emoasjoneel it meast rekket, dat is de ballonnen-sessie. Alle dielnimmers krije in ballon, mei in kaartsje. Dêr meie se de namme op skriuwe fan in persoan dy’t harren nei stiet of nei stien hat. Hessel skriuwt de namme fan Swaentsje op syn kaart. Dan wurdt de ballon opblaast, kaartsje deroan fêstmakke en omheech giet it spul, tagelyk mei 400 oare ballonnen.
Hessel sjocht him nei, syn ballon. Heger en heger giet de wite stip oant er út it sicht ferdwynt. Hessel wit dan dat er syn bestimming berikt hat!

Symon van der Meer