Lyts fytsungelok

19 oktober 2015

in Verhalen

“Ast de krante ophellest by de Coöp nim dan eefkes in kilo apels mei!” seit de frou tsjin har man. De man, dy’t net mear by de jongste lichting heart, pakt in tas en rint nei syn fyts. Gjin problemen, docht er iedere dei. Hy stapt op, mei de tas yn syn linkerhân, rydt fanôf it Eilân foarby Piersma oer de brêge en wol linksôf de Koaldyk opriede. Hy moat foar de bocht in bytsje ôfremje – en dan gebeurt it… Hy remmet te bot mei syn rjochterhân, de fyts blokkearret en slacht mei man en tas tsjin it trotwaar. Dêr bliuwt it hiele spul eefkes lizzen. In man en in frou steane op harren boat, dy’t yn ‘e feart nêst de brêge leit, en sjogge it ûngelok gebeuren. Se springe op ‘e wâl en drave nei de man ta. It binne Dútsers.

“Wie geht ’s ihnen?!” freegje se.
De man krûpt oerein, giet stean, fielt oan syn earms en oan syn fuotten en seit dan: “Ik leau dat my niks mankearret, nee, ik ha gjin skea foar safier ik dat besjoch. Dank je wol…”
Hjir en dêr sitte wol wat skaafplakjes oan syn earms en … ojee, der rint no bloed út syn iene skonk en dat wurdt in aardich straaltsje.
“Warte!” seit de Dútser. Hy draaft nei de boat, pakt in ferbânkiste út de kajút en komt werom. “Kein Kopfschmerz?” freget syn frou. “Nein, ik fiel niks…” seit de man. Underwilens makket de Dútser de kist iepen, pakt in stikje ferbân en wat gaas en wuollet dat fakkundich om de wûne hinne. Dat hat er faker dien. Beide Dútsers en harren famke rinne no om de man hinne en besjogge him fan alle kanten.
“Geht es?” freegje se. “Ja”, seit de man, “ik leau dat alles fierder wol goed giet. Vielen Dank!”

Hy seit dat er eefkes fierderop nei de EHBO-post yn Talma State gean sil. Dat fine se ferstânnich. Kin er noch fytse? Waarimpel, de fyts mankearret hast niks oan. Wûnderbaarlik, dit hie wol in stik minder ôfrinne kint.
As er de doar fan Talma State ynkomt mei er drekt trochrinne, mei syn bloed oan ‘e skonk en mei it wite ferbân. De assistinte set him yn in keammerke en hellet de dokter derby, in frommiske, dokter Schadenberg.
Se knipt mei in stompe skjirre it moaie ferbân fan de skonk en besjogt de wûne. Dat is in flinke jaap. Dokter pakt in nytmesjine en slagt er in stikofwat hechtingen yn. Oer tsien dagen meie de krammen derút. Der komt opnij ferbân om de poat, noch in prik tsjin tetanus yn it bil en klear is kees.
No earst nei de fytsenwinkel fan Anne Kuiper om de rem nei te sjen. En de kettingkast. En in slag yn ’t tsjil. Falt alles byinoar noch mei. Oare deis kin de man him ophelje. Hy kriget salang in hierfyts mei.

Underweis keapet er by Jeanine in krante. As de man thúskomt, mei de krante mar sûnder apels, skrikt syn frou. Se sjocht it spul oan en heart nei it ferhaal. Dan seit se: “Moast dy minsken einliks wat werom jaan, dat is wol sa aardich.”
De man is it mei har iens. Hy sil it drekt dwaan, oars binne se fuort.
By Gerritsma keapet er in Fryske sûkerbôle. As hy bûten komt rinne de Dútsers krekt foar de winkel lâns, ûnderweis nei de boat. Hy rint nei it lytse famke ta, jowt har de bôle yn ‘e hân en seit: “Für dich und für deine Eltern…” It famke sjocht him achternei en dan nei har presintsje en dan nei har heit en mem.
De oare deis fertelt de man syn frou dat er dreamt hat. Yn syn dream sjocht hy yn ‘e loft boppe it Eilân dat dokter Schadenberg en Anne Kuiper inoar efter nei sitte. Kuiper hat in fytspomp tusken de tosken en de dokter swaait mei lange lapen ferbângaas oer har skouder. De Eilânbewenners op de grûn dûke sa no en dan yninoar as de loftridders leech oer harren hinne fleane. Dan ferskynt opiens Gerritsma boppe de mar mei twa sûkerbôltsjes yn ‘e hân, eine für de dokter und eine für Anne Kuiper.

Wylst de man syn dream fertelt knypt er de hânnen yninoar. En o ja, net ferjitte, hy moat hjoed syn fyts wer ynruilje.

Symon van der Meer