De buslampe

3 maart 2016

in Verhalen

De measte lêzers fan ‘e Sylboade kenne de skriuwer Hylke Speerstra. Ferline jier wie hy noch yn Talma State om dêr foar de bewenners in stikmannich moaie ferhalen te fertellen. Syn broer Bonne is wat jonger as Hylke. Bonne hat syn wurkseme libben as feekeapman trochbrocht. Doe ’t hy oan syn AOW ta wie is hy efter syn buro sitten gien en hat in boek skreaun. It hjit ‘Oer twa brêgen’. Yn it earste diel beskriuwt er syn libben oan ’t dan ta. It twadde diel bestiet út losse ferhalen, meastentiids anekdoties fan aard. Ien fan dy ferhalen spilet yn ‘e buurt fan Hommerts, om presiis te wêzen op de krusing fan ‘e Jeltesleat en de Wide Wimerts. Kinne wy dat aardiche ferhaal hjir yn ‘e Sylboade neifertelle? Ja, dat mei fan ‘e skriuwer.

It ferhaal spilet yn 1986 mar der giet noch in ferhaal oan foarôf. Yn 1985 giet de Elfstêdentocht troch teiwaar earst net en letter, as de winter yn alle heftichheid werom komt, dochs troch. Bonne Speerstra is dan mei fekânsje yn in fier bûtenlân. Dy deis bringt er foar in grut diel mei de kop ûnder de tekkens fan it hotelbêd troch. Hy kin de bylden op de televyzje net oansjen.

Syn premiére komt op de 21e febrewaris fan it jier 1986. Trochdat er yn 1963 al lid wurden is fan de feriening hat er in leech startnûmer. Wa’t it langst lid is mei ’t earst starte. Hy mei sadwaande fuortdaliks nei de wedstriidriders fan start. It besjut wol dat er de earste ûren yn ’t tsjuster ride moat. Hy hat in echte bûslampe oanskaft, ien mei in hânfet.

It liket wol in soarte fan skynwerper. As it ljocht genôch is sil er de lampe ôfjaan oan immen dy’t lâns de kant stiet. Op in stikje leukeplast dat er opplakt sit hat er syn telefoannûmer skreaun. Dejinge dy’t de lampe kriget kin him dan skilje. Dêr sil er dan letter de lampe wer weihelje.

De bûslampe is in great sukses. Neffens Speerstra liket it ding suver op de Brandaris. De auto’s dimje de ljochten foar him. Oan Drylts ta hat er in bulte profyt fan ‘e lampe mar dêrnei begjint it te daagjen. Hy wol de lampe dan feitlik wol kwyt mar op de Wimerts is gjin minske te bekennen.

Gjin probleem – dêr ’t de Wimerts op syn wiidst is jout er de lampe in bêste gisel rjochting de wâl. Tusken de reiden komt de Brandaris ta rêst. Bonne is ‘m kwyt en kin no de beide hânnen op de kont smite.

Yn Sleat stiet syn frou Hieke mei de bern te wachtsjen mei in stikje bôle en wat drinken. “Hast de bûslampe noch ôfjaand kind?” freget hja. Bonne flapt er dan samar út dat er op de Wimerts yn in skuor rekke. “Ik foel en de lampe oan gruzeleminten fansels. Dy pear tientsjes komme wy wol wer oer…” As er fierder rydt tinkt er by himsels: “Moai sein, dêr kraait gjin hoanne wer nei.” Fier foar tsjuster rydt er op de Bonke oer de finish. It is in dei om nea te ferjitten.

As er de oare deis let yn ‘e middei thúskomt freget er oan Hieke of ’t er noch in boer mei hannel belle hat.

“Jaaa…” seit Hieke, en se sjocht Bonne skodholjend en ferwitend oan, “der hat immen út de Hommerts belle. Net oer in ko of in keal, mar oer in bûslampe. Dyn ferhaal datst my oer de bûslampe ferteldest, doocht net hielendal. Dy man seit dat hy de lampe yn ‘e wâl tusken de reiden fûn. Ik sei dat dat net kin omdatst er mei fallen wiest en dat dêrmei de lampe oan gruzeleminten rekke wie.

“Wat?” sei de man, “doe ’t ik him jûns yn ’t tsjuster oanknipte koe ik op de tsjerketoer fan ‘e Hommerts sjen hoe let of it wie…”
Symon van der Meer
It Eilân 17