Fryske folksdichter ‘Rintsje fan Heech’

16 juli 2016

in Geschiedenis van Heeg, Verhalen

Fia in tip kaam ik by frou Wyp de Boer oan ‘e Skatting. Se hie by in souderopromming in nijsgjirrich kranteknipsel út de Ljouwerter Krante fan 3 febrewaris 1972 fûn. Yn it artikel ‘Ut ‘e lapekoer’ stie dat de Hepkema’s krante (waard lêzen yn midden- en súdeast Fryslân) yn 1904 in rymwedstriid mei Fryske doarpen as ûnderwerp útkreaun hie. De Heechemer Rintsje Klazes Zijlstra hat doe it ûndersteande gedicht ynstjoerd. By ‘Heech fan âlds’  ha ik noch wat ynformaasje oer dizze man ynwûn. Rintsje Klazes, berne yn Heech 17-4-1884 en ferstoarn 10-2-1958 yn Snits, siet mei syn heit yn ‘e frachtriderij en hat sels ek in fear hân. Hat brêgewipper op Osingahuzen west. Hy skreau yn it blêd Sljucht en Rjucht en wie jierren op paad om advertinsjes op te heljen. Tegearre mei syn frou Hiltsje v.d. Laan ha se mei eigenmakke stikjes en foardrachten hiel wat winterjûnen fersoarge.

Mariet Swart (red. Sylboade)

 heech-2

 

heech-1