It letste nijs fan de Sminkdoaze

23 december 2016

in Toneelvereniging De Sminkdoaze

Dit winterskoft spylje wy, ûnder lieding fan Gerben Postema.
Ien fleach oer it koekoeksnêst.

In stik skreaun nei it bekende boek fan Ken Kesey út 1962. It stik spilet him ôf yn in deiferbliuw fan in psychiatryske ynrjochting. Under tafersjoch fan twa ferpleechsters en in, sa no en dan, observearjende dokter. Pasjinten bringe dêr de tiid troch elk yn harren eigen wrâld. Alles feroaret mei de komst fan in nije pasjint. Dizze spot mei alle foarskriften en regels, hat it mier oan gesach. Foar de oare pasjinten hat dat ek gefolgen: de regelmaat fan alle dei is fier te sykjen En de sleur wurdt behoarlik trochbrutsen

Oer dit stik falt in hiel soad te fertellen, mar dat dogge we (noch) net….. It is better om it sels te sjen.

Wy sjogge  jimme graach op freed 27 jannewaris as sneon 4 febrewaris.

Tagong: €8,- o/m 12 jier €4,-

Sneon 28 jannewaris spylje wy wer foar de St. Antonius van Padua Parochie.

Alle jûnen giet de seal fan it Heechhûs om 20.00 oere iepen.

De spilers en meiwurkers ha der in soad nocht oan, JO EK ??