It leste nijs fan de Sminkdoaze

21 februari 2019

in Toneelvereniging De Sminkdoaze

Dit winterskoft spylje wy, ûnder lieding fan Gerben Postema;

Rêst, Frede & Flinterman

In stik skreaun troch Ton Davids, oersetten troch Gerda van der Wijk
It stik spilet him ôf yn de showroom fan Flinterman Utfearten.
Dizze begraffenisûndernimming wurdt troch de 2 susters Flinterman lieden, mei help fan in trouwe wurknimmer.
Ynwenjend binne noch in deminte beppe en in puberdochter.
As der letter in neef útfanhûs komt, binne de rapen gear.
In frjemd koppel, in abbekate en de húsdokter komme regelmjittich op besite.

Wat er dêr allegearre bart, kinne jimme sjen op:

23-02-2019 en 02-03-2019 yn it Heechhûs om 20.00 oere
Tagong: € 9,00 o/m 12 jier € 5,00

De spilers en meiwurkers ha der in soad nocht oan, JO EK ??