Wetter – Lan – Wetter – Wille

10 juli 2019

in Aankondigingen, Verhalen

Simmer yn Fryslân, fakânsje tiid, de ien siket it fertier fier fuort, de oar sliept it leafst yn eigen bêd. Mar fanút de thúsbasis kinst ek it ien en oare ûndernimme, want der falt yn ús moaie Fryslân simmers ek hiel wat te belibjen. En ek ast sels gjin boat hast, kinst it wetter op. Ik bin in parlefinker dy’t net de hiele dei wat opsluten op ’e fjouwer kante meter fan in boat sitte wol. Ik rin of fyts leaver lâns it wetter, mar spitigernôch kin dat net yn Heech. Hoewol’t der troch in pear Heegemer manlju in jier as wat tebek alle war dien is om dit te realisearjen, is dit net slagge. Mar as ik sa no en dan de wrâld fanôf it wetter sjen wol, no, dan is der altyd yn Fryslân of dêr bûten wol wat nijsgjirrichs te finen.

Mei de beurtfear fan Sybren Boschma fan Heech nei Balk, mei in pream troch Ljouwert, yn Drylts op ‘e trein nei Starum en dan op en del mei de boat Starum-Enkhuzen, fanút Harns droechfalle op it Waad, yn Rotterdam mei in boat 7 oeren troch de havens nei de 2de Maasflakte, ensfh. Mar as der skûtsjesilen is, dan wol ik dêr sa no en dan hinne. Net allinne fanwegen it silen, mar ek om’t wat der oan nuveraardichs op it wetter omtoarket. En foaral as it stevich waait mei driigjende wolkeloften kin it spektakulêr wêze…

Mei Piet Hettinga op ‘e Clasina is allinne al in feestje, de miks fan Heegemers en toeristen, in ‘natje en droogje’… Freegje Piet of by de VVV nei hokker wedstriden hy fart. Kinst by syn loads op It Eilân opstappe, makliker kinst it net krije.

Mariet Swart