Heech fan Alds

16 april 2020

in Verhalen

Meije (Gerke) Walinga in geboren Heechemer en hjir opgroeit, is ûnderwizer wurden. En hat syn pensjoen helle yn Rijssen, dêr kriche hy der nocht oan om op te skriuwen oer it ferline fan syn jongejierren hjir yn Heech. Hy skriuwt oer nei  tsjerke en skoalle gean, it boatsjen en hoefolle winkeltsjes en bakkers er doe yn Heech wiene. 

De Tsjerken

Se wiene fan fierren te sjen, de trije tuorren fan Heech en wiisden net allinnich nei boppen mar se wiisden ek op it ferskaat yn útlizzen fan de tsjerklike wierheden en opfettings fan de bibelske grûnslagen. Trije wie noch net genoch want wy hiene ek noch  in Silo, in geboutsje oan ‘e Skatting. In lyts groepke Baptisten hold dêr har gearkomsten. Sneintemiddeis om 4 oere wie der Sneinsskoalle foar alle gradaesjes op it tsjerklik mêd ûnder lieding fan Aagje en Idske fan Pier van Netten. Dizze froulju fertelden tige moaie ferhalen en learden ek lytse bern allegear ferskes dy goed yn it gehoar leine

Sneintemoans lieden de klokken. Wy rûnen nei tsjerke ta en seagen ûnderweis hjir en dêr in doar iepengean en greate minsken en bern de iene of oare kant útgean, al nei de gelang se de pastoar, dûmny Postma of dûmny Van Rennes heare woenen

Yn de buorren rûn men inoar soms tsjerklik tsjin it liif… De Herfoarme tsjerke wie ornaris earderút as de Grifformearde; sa dwaande wie it om alve oere net sa drok op ‘e dyk as moarns foar tsjerkstiid. Middeis wie it net sa’n gerin as moarns: dan wie de Roomske tsjerke ticht, dat skeelde.

Doe wienen der ek noch boeren dy‘t mei it reau nei tsjerke kamen: fan de Burd wienen dat Sytse Gerbens van der Meer mei de hiele húshâlding yn in “glêzen wein” en Siebolt de Boer en syn frou mei de “tilbury”. Se rieden de hiele buorren troch, oer de brêge nei de Skatting en setten de riderij neist it hûs fan de koster. De hynders kamen op stâl yn de skuorre. (Op de foarein steane noch twa hynstekoppen)

Links en rjochts efter yn de tsjerke wiene de saneamde ”kattebankjes”, foarhinne ek it  sitplak fan de hynstefeint dy’t “nei it amen” fan de preek der útgie om de hynders yn te spannen. Doe yn dy tiid wie it ek sa dat in âlderling de wet en it bibelgedeelte foar lies wer’t de dûmny oer preekje soe. De iene lies hiel oars as de oare wat toan oangie en dat joech foaral by de jongerein noch wolris wat gegnies fansels

Healwei de preek, as der twa punten west hienen, kaam it middelskongen en dan noch it tredde punt en de tapassing, mei-inoar in oere benei en dat wie foar it boerefolk suver te lang. As se fielden dat se de eagen net meer iepen hâlde koenen gyngen se stean en dan foel it wol wat ta. De diakens hienen it net altyd maklik: as se de lange tinne stok mei op it ein it ponkje deroan, útstutsen nei it fierste plak fan ‘e bank, koe it barre dat de jonge yn ‘e hoeke de kwast ûnderoan it ponkje fêsthold en dan stie de kollektearde wol wat ûnmachtich yn it gongpaad.

Foar de jongerein, dy’t fan skoalle wienen, hold de dûmny fraechlearen yn de konsistoarje. De jonges apart en de famkes ek. Wy moasten thús in stik fan de katechismus leare, út de holle en dat in wike letter opsizze. Dat wie foar guon jongelju in hiele toer en der waard dan ek op alle mooglike manieren spykt Ús tsjerke wie alle sneinen aerdich beset en dan sieten de minsken foar en besiden de preekstoel mar ek op de trije kreaken rûnom. Simmerdeis koe it smoarfol wêze as “skipkemannen” yn Heech foar de wâl leinen of dat der kloften jongfolk fan de Jeugdherberg delsetten kamen.

Ien fan de plichten fan de koster wie it lieden fan de klok by it ferstjerren en by it oangean fan de tsjerke en middeis om toalve oere en fjouwer oere (de Herfoarme om seis oere). Wer’t dy liederij wei komt is my net bekend. Soe it benammen jilde foar minsken op it lân?, doe’t dy noch net allegeare in horloazje hienen? Yn de wike wienen der efter de tsjerke gearkomsten fan ferienings en de tsjerkerie. Brulloften en gearkomsten nei begraffenissen waarden der holden en ien keer yn it jier in wichtig barren,”stemmen” foar nije âlderlingen en diakens. Dat wie allinnich foar manlju en it koe lang duorje as de stimmen staakten. Mar dat wie net sa slim: it wie snein, mar foar de boeren makke dat net sa folle ferskil.

Fan de Roomske tsjerke fernamen wy net folle. As bern kamen wy der nea yn. De pastory makke wol yndruk as gebou fan trije ferdjippings foar ien pastoar mei ien húshâldster ??. Efter de tsjerke, oan de Weisleat, stie it skiphús fan pastoar Van Wijk. Sa nou en dan simmerdeis tufte hy mei syn salonboatsje de mar op. Herfoarmen, Grifformearden, Parochianen en Baptisten foarmen mei-inoar de bûnte kaart fan tsjerklik Heech. Sa skriuwde doe Meie Walinga yn april 2003.

Foeke Kuiper