Oan bannen lein troch it Coronafirus…

16 april 2020

in Verhalen

Lúkse probleem…

Oeral yn ‘e wrâld stekt it coronafirus de kop op. Noch sa’n twa wike tegean, hâld ik der hieltyd mear rekken mei dat myn reis nei Jordanië en Israël wol ’s net troch gean kin. Noch ien wike te gean, falt der in skriuwen fan Dalstra Reisen op ‘e matte… ast yn in bepaalde periode yn Sina west hast, dan kinst net mei! No ha ik ferliene jier wol yn Sina west, en hat ús trein ek in stop makke yn Wuhan, mar dat wie yn april en dat foel bûten de termyn. Op ‘e radio hear ik dat Netanyahu minsken dy’t Israël yn komme earst 14 dagen yn karantêne sette wol. De wrâld 14 dagen lang yn in hotel fanôf it balkon (ast dat ryk bist) besjen, dat is it lêste watst wolst fansels…

Nog in pear dagen te gean wurd ik skille troch Dalstra Reisen … de reis wurdt annulearre. Jammer fansels, Jordanië stiet al sa lang op myn bucketlist, mar hawar Jordanië hat gjin poatsjes en rint net fuort…

Krisis…

It coronafirus behearsket it nijs. Oerenlange debatten fan it regear, wêr’t Baudet it belangryk fynt, dat syn namme sûnder de t útsprutsen wurde moat. Politisy dy’t inoar hurd om de earen slaan hoe’t it oanpakt wurde moat, lockdown of groepsymmuniteit. Tryst dat minister Bruno Bruins oanfallen wurdt mei in bulk oan fragen dy’t er wol of net ta dogge en fan wurchens ynstoart en opstapt. Saakkúndigen dy’t it ek net altyd mei inoar iens binne. De sûnenssoarch dy’t alle seilen bysette moat om’t der hieltyd mear minsken siik reitsje en der tekoart oan mûlkapkes en beazemings apparatuer driget.

De maatregels liege der net om, it hiele iepenbiere libben wurdt omtrint oan bannen lein. De hoareka en skoallen ticht, it ferieningslibben plat, gjin besite foar âlderein yn fersoargingshuzen, begraffenissen yn besletten kring, oardel meter ôfstân fan inoar hâlde, bus en trein oanpaste tsjinsten ride, it fleanferkear op slot, bedriuwen yn need reitsje en beurzen dy’t kelderje. Lege skappen yn supermerken troch hamsterjende boargers, toiletpapier (sprekst de t op it ein dan ek net út ???) is rôversguod krekt as pasta, bôle en ierappels. Premier Rutte en kening Willem Alexander yn in taspraak in boadskip oan ‘e mienskip jouwe. Wat dogge wy dermei…

 Oan bannen…

Ik kin my allinne goed fermeitsje, lês graach in boek en efter de laptop is foar my ek gjin straf. Mar ik ha no wol in kontrolearre frijheid en dat is wol wat oars, wêr lis ik in grins…

Sneontemiddeis, wat sil ik… Eins moat ik benzine tanke, en moat dêrfoar nei Snits, want yn myn 22 jier âlde Rover kin ik net E10 tanke. Sil ik de stêd efkes yn… allinne as der plak foar fergees parkearen is, lis ik mysels op, hawar it feemerkterrein is hast leech! Wat my direkt opfalt, folle minder minsken op strjitte as oars op sneon. Ek yn ’e winkels hast gjin kop, ja, de foarjiersmoade sjocht der fleurich út, mar de ferkeapster is minder fleurich, ‘en myn baas is al hielendal net bliid’ seit se. Yn it túnsintrum is it ek ien en al fleur, en nim ik wat fleur mei foar op ‘e túntafel.

Sneins skillet Lies, ‘bist net foart?’, ik, ‘nee, de reis is annulearre’. Se wol jûn by de Jonas ite, ‘dy is sneins sletten’, sis ik. Se sil der nei fernimme, ‘do hearst it noch wol’. It is al gau efterhelle, de hoareka moat om 18.00 oere de doarren slute…

Om’t ik op reis soe, is myn aginda leech en freegje ik my moandeimoanne ôf, kin ik te sporten en is dat ferstannich? Ek dat is gau efterhelle… mail fan Curves, i.v.m. corona binne wy sletten. In appke… dizze wike mar net thús bridge… ensfh. ensfh.

In besite oan famylje of freonen dy’t it nedich ha of oan de âlderein yn Talma, it moat mar net. Nee, bang bin ik net, mar je wolle net besmet reitsje of it oerbringe… de sûnenssoarch rint al op tiennen!

In gelok dat it moai waar is en kin ik wol bûtenom oan it wurk. Ik pak de ljedder en meitsje myn daksgoaten skjin, en doch it nedige yn ‘e tún. Drink kofje yn ‘t sintsje en genietsje fan wat der om my hinne bart. Fûgels, in fel giele sitroenflinter en in dikke hommel, it fladdert yn alle frijheid yn myn tún, sy dogge net oan social distance.

Ús wrâld is lytser wurden, mar litte we genietsje fan alle lytse dingen om ús hinne…

Hoe lang wurde wy noch oan bannen lein… de tiid sil it leare…

Mariet Swart