“All we need is love!”

3 februari 2021

in Verhalen

Twa manlju sitte yn ‘e keuken te kofjedrinken. De keuken (en it hiele hûs trouwens) is fan Abe. Syn freon Jelle is even oerkaam. De froulju binne nei de stêd. Wy lústerje no even nei in stikje fan harren petear.

Jelle – “Wy kinne it oer in soad dingen wol of net iens wêze, mar ien ding stiet fêst:
it nije jier dat niiskrekt is begûn wurdt in hartstikkene dreech jier.

De corona-pandemie krije wy der net ûnder, dy sil ús dit jier opnij pleagje
seker no’t der ek nochris in nije firus-fariant yn Ingelân is ûntdekt.
Rekkenje der mar net op dat wy it mei in prikje faksin de wrâld noch útkrije.
Dêrom sis ik dy: Strûp de mouwen mar op!”

Abe – “Kinst it ek oars sjen. Sjoch nei de sikenhûs- en de ferpleechtehûzen
nei it personiel dat dêr omskrept om kwetsbere en âldere minsken te helpen
dei en nacht dwaande mei soarch en mei leafde, soms op it fleis fan ’e tosken
en seagen wy hjir en dêr ek al net soldaten yn harren unifoarm warber wêze?
Djip respekt foar dit folk! Lit ús yn ‘e hannen klappe foar harren ynset.”

Jelle – “Moai sein – respekt en applaus, mar ik sis: betelje har in better salaris
dêr ha se mear oan. Se krije it dit nije jier noch folle swierder foar de kiezzen
Tink ek oan al dy minsken dy’t harren saeken slute moasten, gjin útsicht ha
minsken dy’t hun wurk ferlearen, nei hûs ta giene en harren baan kwyt wiene.”

Freget in famke oan har heit dy’t yn ‘t sikenhûs wurket: kinne jim de mem fan Anne echt net better meitsje? Seit de heit: wy dogge ús uterste bêst om har te helpen,
mar as wy der net yn slagje om Anne’s mem yn ’t libben te hâlden dan steane jim as kammeraatskes dochs klear om Anne op te fangen?

Jelle – “Moai foar Anne en foar har mem mar ik sjoch ek al dy deade minsken yn Syrië en yn Tibet, yn Congo en Wyt Ruslân en it hâld mar net op

lokkich nijjier, folle lok en seine – dêr sjitte se moai mei op…”

Abe – “De kening – krekt, dy man fan de djoere boat en fan syn fekânsje –
mar ek de man dy’t foar it hiele folk syn spyt betsjûget en eksküs oanbiedt
dy‘t yn syn taspraak rekken hâldt mei minsken fan wa’t de dream stikken knapt
minsken dy’t harren iensum fiele en net witte wêr’t se it sykje moatte.

De kening hat murken dat corona it bêste by in soad minsken wekker makket,
dingen as meidielsemheit, ienriedichens, meilibjen en kammeraatskip
Hy hellet Paulus oan dy’t sprekt fan leafde yn in lân wer’t minsken inoar
in bytsje temjitte komme. Hy seit it net mar hy betsjut: All we need is love!”

Jelle – “Wat moat ik mei dit ferhaal? Abe, wat dochst do der sels mei?”

Abe – “Wat my oangiet – ik kies foar ‘love’ en ik gean mei hoop it nije jier yn.”

Jelle – tinkt even nei. Seit dan: “Sille wy it dan mar tegearre besykje?”.

 Symon van der Meer