De spjelde fan Agaath

7 juni 2021

in Verhalen

In deftiche mefrou yn ’t midden fan ’t lân (har namme is Agaath) krijt op har fjirtichste jierdei in sieraad kado fan har man. As hja in skoft letter de sulveren spjelde opdwaan sil kin se him net fine. Dat is dochs stom! Sykje, eltsenien sykje. Útslach: hja fine fan alles, mar gjin spjelde. Fjirtich jier lang bliuwt it sieraad spoarleas. Dan ynienen dûkt it op – fia Heech en fia âld-kommissaris Wiegel yn Âldegea. Hoe dat kin? Lês dit ferhaal.

Der wennet yn Amerongen op de Utrechtse Heuvelrug sûnt inkelde jierren in jonge frou mei har man en mei harren trije bern. Se binne dêr yn in hiel moaie, âlde wenbuorkerij terjochte kaam. De wenning is goed ûnderholden mar sa no en dan moat er wat oan fertimmere wurde. Gjin probleem – de man hat twa rjochterhânnen. As hy yn ien fan de keamers by de skoarstienmantel oan ‘t karweikjen is falt er eat op ’e grûn. De man pakt it op en besjocht it. It blykt in moai sieraad te wêzen. It liket wol fan sulver. Hy rint er mei nei syn frou. Wat moatte se hjirmei? Dan ûntdekt de man hiel yn ’t lyts in namme efterop de spjelde. Agaath, stiet er yn gravearre, hast net te lêzen. Dat moat wol de namme fan ien fan de foarige bewenners wêze, mar fan wa? De lêste bewenners, wêr’t se destiids it hûs fan keape ha, dy kenne hja fansels. It binne âlde minsken mar beide noch helder. ‘Nee, sa ’n sieraad as jo beskriuwe haw ik nea hawn’, seit de âlde mefrou troch de telefoan. En fan Agaath, nee dêr hat hja ek nea fan heard. De minsken dy’t der dêrfoar en noch mear dêrfoar yn it hûs wenne ha wiene passanten. Hja binne nearne mear te finen. No ja, dat komt letter noch wol. Earst it karwei ôfmeitsje. It sieraad ferdwynt yn in laadsje. En dêr leit it goed.

No, in healjier lyn, krijt de frou in boek yn hânnen. Dat giet oer de VVD-er Hans Wiegel, ein fan de foarige ieu kommissaris fan de keningin yn Fryslân. It boek is skreaun troch Pieter Sijpersma. En wat lêst se dêryn? Wiegel hat destiids, foar syn Fryske jierren, in skoft yn Amerongen wenne. Hy wie doe minister fan binnenlânske saken. Yn dy tiid blykt hy regelmjittich kontakt hân te hawwen mei in famylje dy’t doe yn deselde buorkerij wenne wêr’t hja no yn wennet mei har man. En noch sterker – yn dat boek komt se de namme tsjin dy’t op it sieraad stiet, de namme Agaath.

De frou en har man binne dit foarjier in pear dagen yn it famylje-fakânsjehûs op it Eilân yn Heech. Op in moaie middei meitsje man en frou in fytstochtsje. As hja by Aldegea binne komme se foarby it hûs fan Wiegel. De frou wit dat âld-kommissaris Wiegel dêr wennet. En ek dat hy moarns de krante hellet yn de winkel fan Gerritsma. Se seit: ‘Soe de man thús wêze? As dat sa is dan kin ik him miskien freegje nei Agaath…‘ Se stapt fan ’e fyts en bellet oan. Ekes letter giet de doar iepen. Dêr stiet Wiegel. De frou docht har ferhaal, oer it boek fan Sijpersma, oer Amerongen en oer Agaath. Wit Wiegel bygelyks mear fan Agaath? En wat blykt? Wiegel kin him de namme Agaath net allinnich noch foar de geast helje mar hy wit ek noch wêr’t hja no wennet. Yn súd-Frankryk. No en dan belje se noch mei elkoar. En ja, hy wol har it telefoannûmer wol trochjaan. Dan kin se Agaath sels belje. Dat sil se fêst moai fine.

As de frou yn de neimiddei nei súd-Frankryk bellet krijt se Agaath oan de telefoan. Se blykt op de hichte te wêzen. Hans Wiegel hat har al opbelle. Se rakket net útsprutsen.  Bjusterbaarlik! Hoe is ‘t mooglik… Dizze simmer komt hja nei Nederlân. Dan mei se delkomme, yn Heech en ek yn Amerongen. En by dy gelegenheid krijt nei fjirtich jier Agaath har Agaath werom.

Symon van der Meer