‘In oprjochte soan fan it Fryske boerelan’

8 juli 2021

in Verhalen

Yn it ôfrûne foarjier, fjouwer dagen foar syn 90e jierdei, komt er in ein oan it libben fan myn âldste broer Tsjebbe. Hy wenne mei syn frou Wieb de lêste jierren yn Vegelin State yn Joure. Dêrfoar ha se sawat in hiele ieu lang in fébuorkerij hân yn de Bloksleatpolder, middenyn de lânderijen tusken Joure en Toppenhuzen. De fraach is no oft dit ferhaal yn de Sylboade thús heart. Ik weagje it der op want de Bloksleatpolder kinne jo, as jo heech steane, yn de fierte hast lizzen sjen. Boppedat – Tsjebbe en Wieb hiene ek wat mei Heech. Se kamen hjir mei regelmaat op besite, by harren dochter en ek by ús op it Eilân. It ferdwinen fan de jachthaven fan Johan Oost hat er noch mei makke. Dat fûn er spitich, foar Johan en foar Heech en foar ús. De nije huzen op it Eilân hat er net mear sjoen. Tsjebbe is op it lytse tsjerkhôf yn Skarsterbrêge begroeven, neist it grêf fan ús âlders.

By de begraffenis ha syn fjouwer dochters harren heit betocht mei moaie en goeie ferhalen. Se fertelle oer harren heit as in man mei grutte leafde foar syn gesin mar ek foar de buorkerij en ek nochris foar tsjerke en maatskippij. Syn soarch foar de bisten stie wol mei foaroan. It like wol as stie der altyd in kou te kealjen as it gesin klearstie foar in jierdei of dat er in skiep yn ’e sleat siet. Dan waard de overall oer de kreaze klean lutsen en koene de famkes wachtsje oant it karwei behimmele wie. Hy wist as ien fan de earsten wanneer de maitiid begûn, as de sweltsjes troch de stâl fleagen en de earrebarre syn nêst yn de tún wer ynnaam. Yn dy tiden moast hy faaks ien of twa kear yn de nacht it bêd út om by de nije laamkes te sjen. Simmers wie it poerdrok. Dan wie der amper tiid foar skoft. Dan kaam Wieb mei kofje en de koeketrommel nei it lân en nei de wurkers ta. En as it gêrs net mear groeide dan kaamen de kuilpakken yn de stâl. In parkoers fan hege en lege pakken. Dêr sprongen de famkes oerhinne mei as gefolch dat se dan in oere yn ’e wyn stjonkten.

As it yn de winter frear dan holp heit harren by it ûnderbinen fan de redens. Sels bûn hy de noren ûnder. Hy wie gleon op reedriden. Hylariesk is it ferhaal fan de sneintemoarn. Earst it wurk yn ’e stâl klear foardat se nei tsjerke kinne. Mem leit de sneinske klean klear. Heit springt ûnder de dûs. Der wurdt in stik bôle foar him smart en alfêst in kom tee ynskonken. Oanklaeie. De knoop sit al yn ’e strik, kin sa oanlûkt wurde. Bôle fuortspiele mei tee. Skuon klear, jas oan en hup yn ’e auto dy’t al waarm stiet te draaien. Mei risiko fan in bekeuring hurd nei tsjerke. Doar stiet noch iepen, der is noch plak, foaryn fensels. En dan heit yn ’e gaten hâlde, oars begjint er te knikkeboljen. De dochters neame dit harren pitstop-team op sneintemoarn.

Tsjebbe en syn frou ferhúsje nei harren wurksame libben nei Vegelin State yn Joure. De âldste dochter mei har man sette it bedriuw fierder. Yn Joure sil hy noch fyf jier wenje mei Wieb, as in terfreden minske. Mei goeie bern en pakesizzers. En, yn de wurden fan die bern, ‘mei in hert sa grut as de sinne dy’t jo trocn syn eagen strieljen sjogge’.

Yn dit foarjier binne myn frou en ik op it Eilân yn Heech, in pear dagen foar de jierdei fan myn broer. Ik belje mei Wieb om te freegjen oft wy delkomme kinne om te felisitearjen. It antwurd is dúdlik: “Kom moarn drekt mar”. De oare deis giet moarns yntiids de telefoan. It is Wieb. “Symon”, seit se, “hast juster frege – kinne wy moarn delkomme.” Se falt efkes stil. Dan seit se: “Jonge, ik kin dy sizze – it hoeft net mear. Justerjûn is Tsjebbe ferstoarn, yn alle rêst, yn syn sliep…” Yn de advertinsje yn de Ljouwerter Krante stiet: “Hy wie in oprjochte soan fan it Fryske boerelân”. Moaier kin jo it net krije.

Symon van der Meer