Hjir fiel ik my thús

12 oktober 2021

in Verhalen

De pake fan Flip is yn it begjin fan de foariche ieuw yn Dokkum op’e wrâld kaam. Yn 1930 hie hy krekt de oplieding oan de kweekskoalle ôfmakke en hy mocht himsels tenei master Rintjema neame. Hy sollisiteare nei alle kanten mar hy krige nergens in oanstelling. Nergens wie wurk te finen, allinne yn Heerlen, hielendal yn Limburg. Soe er dat dwaen – as Fries, grutsk op syn komôf, hielendal nei it djippe súden? Hy naem syn beslút. Hy gie – mar syn leafde foar Fryslân naam er mei. En doe syn pakesisser Flip tolve jier wie naem pake Roelof him op in dei mei nei Fryslân, nei Dokkum, syn berteplak, en nei Ljouwert en Frentsjer. Hy liet him alles sjen en hy fertelde him hûndert út oer eartiids. Pake is dêr yn it súden trout mei in famke út Limburg en dernei nea wer yn Fryslân west, allinne for femyljebesite. Hy waerd sa’t dat hjit ‘in Fries om útens’.

Mar no komt it moaie fan ’t ferhael: tachtich jier neidat pake Roelof syn heitelân ferliet pakt syn pakesisser Flip yn de Randstêd syn spullen by inoar om te ferhuusjen nei – krekt: nei Fryslân, nei Drylts. Flip van Doorn is no dus sis mar in buorman fan ús yn Heech. En yn en fanút Drylts skriuwt hy in hiel bysûnder boek oer de skiednis fan de Friezen. Dat boek is dit foarjier ferskynt. Flip hat it boek ûnder de titel ‘De Friezen’ opdroegen oan syn mem en oan syn pake. It leit no by Abe yn it VVV-kantoar te keap.

Flip van Doorn hat it himsels net maklik makke. Om te begjinnen hat er by de Afûk in kursus Frysk folge. Hy sprekt fyf frjemde talen better dan de memmetaal fan syn pake. Hy is nijsgjirrich nei de spoaren fan de Fryske skiednis. Hiel lang lynt strekte it Fryske taalgebiet him út oer in brede kuststreek fan Jutlân oant djip yn Flaenderen. Van Doorn giet by syn speurtocht dan ek dwers troch en oer de Europeeske lânsgrinzen hinne. Hy makket en beskriuwt yn syn boek olve tochten. Syn reis begjint ûnderweis fan Ljouwert nei Dokkum – de route fan ‘It Dokkumer lokaeltsje’ – en eindiget in lytse fjouwerhûndert blêdsiden fierder ek wer yn de omkriten fan de âlde stêd Lioward. Yn de tuskentiid reisget Flip by de Waddenkust lâns nei Jutlân, mar ek nei Rome, nei de Friezenkerk, en werom fia de hânnelswei lâns Altdorf yn Switserlân. As ik lês wat Flip dêroer skriuwt dan ferwûnderje ik my oer syn fantastyske keunst om de grûnslach fan Fryslân te lissen dêr earne heech yn de Switserske berchen. Van Doorn skriuwt dat er de ‘hilliche plakkken’ besykje moat om in folk goed kenne te learen. Hy giet dus nei it museum ‘kleaster Klaarkamp’, en nei de Alexandertsjerke yn it Rinsumageast fan syn fiere foarâlders. By syn reisen troch Fryslân en troch Europa – en dat binne net tafallich olve yn oantal – mankearret it him oan ien tocht – en dat is in Olvestêdentocht.  Mar wat kin in minske dêr oan dwaen…  Van Doorn hat syn eagen ûnderweis goed de kost jown.  It boek is skreaun mei leafde, mar it konfrontearret ek. Hy is rekke troch Jopie Huisman mei syn grutte earbied foar de natuer, mar hy noteart ek de oantaasting fan it Fryske lânskip troch de wetten fan efficiency, it ferdwynen fan de kieviet en de grutto en de pinksterblom. Hy neamt keunstners as Fedde Schurer en Tsjêbbe Hettinga en Klaas Koopmans, mar hy sjocht ek de stadiche efterútgong fan de fryske tael en kultuer.  Hy is grutsk op Greate Pier mar fielt twaspalt by de betinking yn Warns.

It is alles by inoar in moai en ryk boek. Skreaun yn sierlik hollânsk mei in grutte leafde foar de provinsje wêr as in kwart fan syn foarâlders wei kamen. En oan it ein fan syn syktocht nei de skiednis fan Fryslân en syn ynwenners hâld  Flip van Doorn de Friesen in spegel foar. Hy hopet dat se harren dêryn herkennne: stridich en mei tsjinpraet, skeppend en behâldend, ûnwis en selsbewust, iepen en sletten – en dat allegeare tagelyk.  En wat seit de skriuwer dan sels? ‘Hjir fiel ik my thús’.

Symon van der Meer

‘De Friezen’ van Flip van Doorn.

Uitg. Thomas Rap, Amsterdam 2021 Prijs 25 euro.