De postsegel

20 december 2021

in Verhalen

 

It foarfaltsje hat sich ôfspiele ein jierren fyftich of begjin jierren sechstich fan de foarige iuw. Noch de tiid fan ’t bûthúsbankje. Tiiden wêryn je hast eltse winter op natueriis ride koenen. Wêryn wy jonges op klompen nei skoalle gongen. Wêryn hynder en wein noch in gongbere traksje wie. Sa gong Haring Altenburg eltse tiisdei nei Snits. Hinne mei kealtsjes foar de merk, werom mei feefoerkoekjes. Sa gong de molke yn bussen – laden op weinen, leabrekkend wurk – nei de fabryk foar ferwurking. Tiiden wêryn frachtferkear, ek molkbussen, noch in boel oer wetter gong. Sa as it ferfier fan rûchskearnen troch de firma van der Pol. Mannich beurtfeart yn funksje wie. Osingahuzen neist it molkfabryk in tsiispakhús hie mei Albert Koopmans oan it roer. De winkel fan Gert Andringa mei dêrby in buorkerij.  Der in boel sútelje waard troch bakker, winkelman en grienteman. Wurkklean mannich kear oplappe waarden. Net dat it in slim earmoedige tiid wie. Wol wie it saak om op de lytskes te pasjen. It wie ek de tiid fan fuotbalje op it “lântsje” fan Ane Visser. Fan Pipo, Rawhide en Swiebertje yn de húskeamerbioskoop fan Rudolf Andringa sr. Fan sleatsjespringe en aaisykje. Fan de draaibrêge mei de hân bestjinne troch Eeuwe de Jong. Fan it skûtsjesilen yn de ôffiergoate fan it molkfabryk en iishockey op it bûtlân.  Fan ielrykjen foar de buert troch Feite en Minze van der Veen, fan kattekwea yn en rûn de gersdrûgery. Fan touslingerje oer in lege golle by Evert fan Asma, fan knikkerje, settops en toutsjespringe op it skoalleplein. Fan de “suurtsjeboat” en net te ferjitten de iiskoman op sneontemiddeis. Krigen je in dûbeltsje fan heit of mem foar in iisko. Dan wie ’r ek ien by dy kocht ’r twa foar elk in stoer. Dy wienen lytser, mar je hienen folgens syn sizzen mear. We ha ’t noait útmjitten. It wie lykwols net deselde dy’t op in skoalfeest in kosumpsjebon trochmidden skuorde en mei de skuorde kanten yn ’e palm fan ’e hân yn ’e drokte twa iisko’s bemastere. Tocht ’r. It ha ’t wol in opfiedend sturtsje krigen; de iisko’s net wurdich.

Wat foarhinne wie en noch is binne de jierdeibesites. De presintsjes hearden by de dochs oer it algemien sobere libbensstyl. In doaze sigaren foar de man en in fleske l’eau de cologne of in sleuf koekjes foar de frou wêr’t de man dan ek foar de helte ‘rjocht’ op hie.

“Sjoch” sei tante Lies “in brief fan Arie. Ha ’k meinommen om jimme lêze te litten. Binne jimme wer hielendal op ’e hichte.” “Moai, wat attint fan dy.” klonk it yn koar.

De brief gong fan hân ta hân. Tante Lies hie de stille hoop dat de ynhâld fan it skriuwen oan ’e oarder komme soe. “Arie sit wat yn ’e swierrichheden.” oppere omke Sietse. “Sjoch ris,” rôp tante Marijke “der sit gjin stimpel op ’e postsegel. Dy kin je wer brûke.” “Nee,” sei omke Folkert “dy hat syn wurk dien.” Tante Marijke hie har wyls oer de slúf ûntfermt en stelde fêst dat de postsegel goed los te weakjen wie. “Moai ynkommerke.” sei se. Beppe Antsje: “Wat tinkst dat dyn siel wurdich is?” “Giest net dwaan.” foeterde omke Folkert. “Do besjachelst de saak.” “De saak besjachelje? Gjin sprake fan. Losweake, bedroege en strutsen docht dizze segel net ûnder foar in nije.” “Dochs is ’r in grut ûnderskied, de iene is brûkt en de oare net.” sei omke Folkert no mei útset lûd. “Dat kin j’r net oan ôfsjen, want der stiet gjin stimpel op. En dus kin ’r wer brûkt wurde en dat gean ’k dwaan ek.”  op in toantsje heger. Tante Lies: “Wat fine jimme fan’ e brief?” “Do fâlst my tige ôf Marijke. Dit hie ’k net efter dy socht. Dit is kleare bedroch.” Beppe Antsje: “It bloed fan Kristus.” “Wat bedroch? Kin ik it helpe dat dy postsegel net ôfstimpele is? Besjoch it mar as in presintsje fan tante Post.” “Tante Post jout net sokke presintsjes en dêr bist do hiel goed fan op ’e hichte. Bist no dwaande dyn gewisse del te bêdzjen.” “Ik meitsje gebrûk fan in gaadlik momint. Wat mankeart dêr oan?” “Gebrûk? Misbrûk bedoelst!”

De diskusje, suver tsierderij, oer in postsegel fan 10 ct kaam mar net oan in ein, wylst de brief gong oer in tûzenfâldige skuldelêst fan Arie. Tante Lies slagge der mar net yn de ynhâld fan de brief oan ’e oarder te stellen.

De kwestje oer de postsegel fan 10 ct waard geandewei in probleem fan grut formaat. Ta in oplossing kaam it net; tante Marijke en omke Folkert holden beide de kop ’r foar. Oant de dei fan hjoed wimert de net stimpele postsegel noch yn mannich famyljeholle. Of de kaart of brief fan tante Marijke mei de losweake postsegel oankaam is? Wierskynlik wol. It docht my tinken oan de snoadens om foar in dûbeltsje twa iisko’s fan in stoer te keapjen. Sawat hinne fan: twa helje, ien betelje. Foar ien postsegel hienen je sa twa iisko’s, foar ien iisko twa postsegels. Dat fan ’e iisko liket my oannimliker dan dat fan ’e postsegel. En dat fan ’e postsegel oannimliker as dat fan ’e konsumpsjebon.

Lykwols is Arie wol holpen. Troch de dikke sigaren paffende omke Sietse. Hja hold sich bûten it postsegeldispút ûnder it motto ‘Sprekken is sulver, swijen is goud’. Dat goud jilde seker foar Adrie; tante Marijke moast it mei ‘sulver’ dwaan. Yn har belibjen fjilde it as goud. Tante Post is der net fallyt oan gien.

En it wie de tiid fan sûpen grotten brei ôf te heljen by it molkfabryk. De tiid fan mannich lytse ûndernimmers. De tiid fan de mjukskroade. Rûne kuilfoersilo’s op boerehiemen en simmerdeis rekken yn it lân. Letter kaam de heaparse. De tiid fan útewei boartsje en cowboy boartsje. De tiid fan hutten bouwe it leafst yn in beam. De tiid fan mei de seine meane, greppelje en hekkelje. De tiid fan de potkachel mei hout en turf en letter de hurd mei antrasyt. De tiid fan waskje mei de hân somtiden oan ’t stold. De tiid fan it spultsje oarlochje ferklearje. De tiid fan hinkelje. De tiid fan de waarme bûthússtâl.

De tiid fan ………..

Maurits Flapper