In memoriam

20 december 2021

in Verhalen

Dit is it ferhaal fan in dominy yn in Fryske stêdsgemeente. Hy is hast oan syn emeritaet ta. Dernêst is de man slim siik. Neffens de dokter is hy oan it ein fan syn libben.

Hy bellet mei de redaksje fan syn deiblêd en freget nei in sjoernalist fan de rubryk ‘Geastlik libben’. In pear dagen letter stiet er in jongfeint op de stoepe fan de pastorij. “As it straks mei my ôfrûn is moatte jo dan in stikje oer my skriuwe?” freget de dominy. De sjoernalist knikt befêstigjend. “Pak dan no jo skriuwark mar, dan meitsje wy alfêst in opset. Jo kinne my no alles noch freegje. As ik er net mear bin wurdt dat in stik dreger.” De jongfeint is dêrmei iens. Hy skriuwt op wat de dominy him diktearret. Dat giet oer syn teologystúdsje en oer syn proefskrift, oer de plakken wêr as hy stien hat, oer de boeken dy’t er skreaun hat, oer syn keninklike ûnderskieding…  As hy dêrmei klear is helpt er de sjoernalist de doar út. Dy skriuwt op syn buro direkt it artikel út. Hy lêst it stik nochris troch en leit it dan mei in tefreden gefoel oan ’e kant. Hy stjoert in kopy nei de dominy. Dy lit him witte akkoart te gean.

As de hjerst yn oantocht is kriget de sjoernalist in telefoantsje. It is de dominy. Oft de jongfeint noch wol in kear nei de pastorij komme wol. Dat kin hy. Hy treft de dominy oan yn syn piama, mei in keamerjas der oerhinne. “Hoe giet it mei jo?” freget er. “It giet net goed mei my”, seit de man, “dat kin jo sjen oan myn keamer, dy wurdt my fierstente netsjes. Alles is opromme, it libben giet er út en sa giet it ek mei my. Ik tink dat jo stik ynkoarten yn de krante kin.” Hy hellet de kopy út in buro-laadsje. “Ik ha jo artikel ûnderwilens wol wat bywurke en hjir en dêr ek in pear dingen weilitten…” Hy jout it stik oan de sjoernalist. Dy sjocht ta syn skrik dat mear dan de helte fan ’e tekst trochstrepe is. “Mar dominy”, seit er, “sa giet er in hiel stik fan myn wurk nei de filistijnen! Hie dat dochs earder betocht…” “Ja jonge, ik hie in hiele protte dingen earder betinke moatten”, andert de dominy.  “Sjoch mar wat jo der noch fan meitsje kinne.”  Op syn buro besjocht de sjoernalist wat der oerbleaun is fan syn moaie artikel. In pear oantekeningen oer de âlde mem, oer de ynfloed fan ienfâldige gemeenteleden, in kras troch de ûnderskieding, in inkeld boek en noch wat flutterige dingen. Hy hat er net folle aerdichheit mear oan mar hy sil dwaan wat de dominy him frege hat. Hy lêst syn nije artikel oer. Hy is der net kapot fan.

It is winter as der in telefoantsje by de krante komt. It is in ferpleechster. Oft de sjoernalist noch in kear by de pastory lâns komme wol. Hy moat der net te lang mear mei wachtsje. As de jongfeint oanbellet docht de ferpleechster iepen. Se giet him foar nei de sliepkeamer. Dêr treft hy de dominy oan, op bêd, twa kessens achter de holle, mar syn eagen steane helder.”Ik ha jo artikel nochris neisjoen”, seit er, “mar wy ha it net goed dien. Ik ha by eintsje beslút dit der fan makke…” en hy lit it resultaat sjen. De sjoernalist sjocht dat no ûngefear syn hiele artikel trochskrast is. Allinne de namme fan de dominy, syn bertedei en de nammen fan syn heit en mem binne oerbleaun.

In momint stiet de sjoernalist stil. Dan stapt er resolút nei it bêd ta. “Dominy“, seit er

“jo binne in bêste man, mar dit giet te fier. Jo miene miskien dat jo hjir alles te sizzen ha… en ik tink dat jo dit jo hiele dominys-libben went wiene, mar dit is mýn artikel. Ik tankje jo foar jo ynformaasje mar wat er yn ’e krante komt dat meitsje ík út!”

De dominy komt oerein… Hy sjocht de sjoernalist in skoft oan. Dan seit er: “Sil ik jo es wat sizze? Ik fyn dat jo gelyk ha… jo ha mear dan gelyk! Dit hie ik earder betinke moatten…” De dominy sakket werom yn ’e kessens. De ferpleechster docht it ljocht út.

Simon van der Meer