In jier foarby

4 mei 2011

in Familieberichten

Gretha 15 mei 2010 -15 mei 2011.

Dat earste jier as dat mar foarby is, dat hawwe we faak heard, en no is it sa fier, alle jierdagen, alle spesjale dagen, se binne der west, mar it wie en it is faak dreech sûnder har ticht by ús. We misse har noch alle dagen. Niks is mear gewoan, we witte dat we troch moatte en dat wolle we ek. En dêr probearje we it bêste fan te meitsjen mar ien ding dêr’t je yn sokke tiiden achter komme is dat je sûnder de minsken om je hinne it net rêde. Dêrfoar wolle we jimme betankje. It docht ús goed.

Lonneke, Bram, Steve en Douwe