Dizze trije wurden steane boppe-oan de kaart wêrop wy it ferstjêrren meidielden fan myn leave frou en ús hertlike mem AALTJE JANTJE VAN DER MEER – SEIJDELL. Aaltje is 85 jier wurden. Se is stoarn yn Amerongen, wêr’t wy troch it jier hinne wenje. Mar in grut diel fan dy 85 jier hat se trochbrocht yn Heech, faaks yn de wykeinen en yn elts gefal yn de fakânsjetiid. Ein foarige iuw kochten wy op it Eilân in wenning, in appartemint op nûmer 17. Wy hienen doe trije bern. Dy bern ha wy noch, mar no mei harren partners en mei harren neiteam. It folkje hâldt fan Heech en fan Fryslân. It appartemint is sadwaande in folslein fakânsjehûs wurden.
Myn frou Aaltje hold fan farren mar noch mear fan ús famylje. Se slagge der treflik yn om de famylje sa fier en sa folle as mooglik by inoar te hâlden. Ein foarich jier krige Aaltje lêst fan har hert. De húsdokter soarge dat se deis nei krysttiid yn it sikenhûs yn Utrecht te lâne kaam. Dêr krige Aaltje it minne beskie dat hja medysk net mear holpen wurde koe. Se is nei ús hûs yn Amerongen werom kaam. Trije wiken lang ha wy de gelegenheid krigen om yn alle rêst mei bern en bernsbern ôfskie fan har te nimmen. Op de 18e fan de moanne jannewaris is Aaltje stoarn. Se is fanút de iuwenâlde doarpstsjerke nei har lêste rêstplak brocht.
Wy ha dêrnei ûnder mear fanút Heech, fan de bewenners fan it Eilân en ek nammens de folsleine redaksje fan de Sylboade, in soad berichten fan dielnimmen krigen. Aaltje soe dat moai fûn ha. Wý fine it yn elts gefal tige de muoite wurdich. Wy wolle op dizze manier al dy minsken graach en fan herte betankje!
Symon van der Meer
Fan Pietsje Lemstra yn Amearika kaam der in e-mail yn it Ingelsk. Se liet witte dat har broer Atse Lemstra ferstoarn wie, en it e-mail wie in memoriam fan Atse syn libben. Lokkich hie ik in útfanhûzer dy’t my foarlêze koe wat der oer Atse yn stie. Atse wie op de legere skoalle in klassegenoat fan my. Syn dochter liet witte dat Atse yn 1933 yn in lyts plakje yn Fryslân (Lytshuzen by Heech) berne wie, en dêr op skoalle west hie. En dat hy nei in skoalle moast dêr’t hy tsien kilometer foar fytse moast. Hy hie wurke yn in snoepfabryk (King).
Foar syn militêre tjinst wie hy by de Nederlânske marine west. Dêrnei is hy emigrearre nei Amearika, wer‘t syn broer Jaap ek wie. Atse syn namme waard der feroare yn Andrew. Mar yn Amearika moast in emigrant ek opkomme foar militêre tjinst, en dêrtroch is Atse berops militêr wurden. Foar Amerika is hy as militêr útstjoerd nei Frankryk, en in oantal jierren nei Dútslan en dêrnei nei Panama. Yn Panama hat hy syn frou moete, en der in soan en in dochter by krige. Hy hat ek yn Vietnam tsjinje moaten. Hy hat nea fertelt wat hy dêr meimakke hat seit syn broer Auke. Nei Vietnam is hy wer útstjoerd nei Panama. Yn 1977 koe hy al mei pensjoen, hy hat dêrnei as frijwilliger administratyf wurk dien foar it tehûs fan pensjonearre militêren. Atse kaam graach nei Fryslân nei syn âldste broer Auke, syn suster Riemke en syn jongste broer Últsje.
Atse koe by him thús Nederlânske kranten lêze op internet en skype op de pc dan koe hy syn neisten sjen en mei prate, syn âldste suster Afke wennet yn Australië. Yn de twadde wrâldoarloch doe’t Atse as skoaljonge fan Lytshuzen nei Heech rinne moast, wie it hiel gewoan dat der folle mear bern dêrwei, en ek fan Osingahuzen nei de skoallen yn Heech rûnen. By de trijesprong swile Atse wat jongere bern by elkoar, dy moasten foar him yn gelid marsjearje nei Heeg. Sa waard my ferteld troch in Osingahúster dy‘t no yn Heech wennet. En dy‘t tsjin syn sin ek foar Atse marsjearje moast, hy is no 80 jier mar is it noch net fergetten.
Atse hold fan fuotboljen, foar dat hy emigrearre wie hy hjir by de fuotbolklup. Letter doe‘t Atse hjir by syn broer Auke kaam, hie hy ek kontakt mei Rinze en Frony Veenstra. Wannear’t dy nei in wedstriid yn Heerenveen giene, regelen se ek in kaart foar Atse. Atse gie dan mei har en fûn dat moai en hat derfan genoaten. Doe‘t Atse 80 waard hat hy syn jierdei fierd by tante Juul in ythúske by de haven de Eendracht op it Eilân. Hy hat der doe alle kunde by útnoege. Dizze maitiid hat hy hjir wer west, doe wie hy al net fit mear, en hy hat doe oanjûn dat hy hjir net wer kaam.
F.K.