Sa gau’t de lammen begjinnne te blèren en de keallen yn it lân omspringe, sa gau’t de waarme sinne oer mar en lân begjint te skynen, sa gau’t de pinksterblommen yn de greide ferskyne, dan is de maitiid op komst. Dan geane de doarren fan de Doarpsbibleteek oan de Nijedyk iepen. Heechemers en toeristen stappe dan de boekeskuorre binnen. Se blêdderje wat yn de boeken en geane soms even sitten om in stikje te lêzen. Ik bin ien fan de gasten. Ik fernuverje my eltse kear opnij wer oer de fersamling – âld en nij, modern en ortodoks, alles trochinoar. De lêste kear naam ik trije boeken mei – in boek oer de skilder Chagall, in boek fan sjoernalist Gerard van Westerloo en noch in gedichtenboekje mei de titel ‘Dit is myn lân’. Trije boeken foar trije euro.
Marc Chagall.
De measte minsken kenne Chagall as in skilder út in âld Joadsk/Russysk geslacht. Wat wy ek noch witte is dat hy kleurige skilderijen makke mei frjemde figueren en symboalen. Dan hâldt it wol op. Mar yn dit boekwurkje (Utj. Taschen, 2016) fan in pear Dútske keunstkenners lêze we mear oer syn libben en oer syn skilderkeunst. Yn 1887 komt Marc op de wrâld as de âldste fan njoggen bern yn in joadsk gesin. Heit hat in lytse fiskhannel. Mem soarget dat Marc op in foaroansteande keunstakademy terjochte komt. Marc is in talintfolle studint. Op syn tweintigste reisget er fia Berlyn ôf nei Parys. Syn bysûndere skilderkeunst falt op, net allinne yn Berlyn en Parys mar ek dêr bûten, oant yn Ruslân en Amerika ta. Syn skilderijen binne werkenber oan in mistyke, magyske wrâld, fol betsjoening en symbolyk. Mei syn frou Bella Rosenfeld reisget er de hiele wrâld oer, oant oan Israel ta. Oeral skildert hy, oeral hat er tentoanstellings. Hy makket fan tichtby twa kear in wrâldoarloch mei. It tragyske needlot mei namme foar it joadske folk ferwurket Chagall yn syn donkerste skilderijen. Yn 1985 komt hy, hast hûndert jier âld, te stjerren yn Frankryk, syn twadde heitelân. It boek stiet foar mear as de helft fol mei fraaie printen en reproduksjes. Ien euro foar safolle moais…
‘Voetreiziger’
Ein fan de foariche ieuw makket sjoernalist Gerard van Westerloo op fersyk fan ‘syn’ wykblêd Vrij Nederland in fuotreis troch ús lân. Hy skriuwt der prachtiche ferhalen oer, fol humor. Dy binne opskreaun yn dit boek fan 258 blêdsiden, fersjoen fan in fleurige omslach. Ik fertel der hjir ien fan. Op bledside 76 útfanhûzet Van Westerloo yn Staveren yn hotel De Posthoorn. Yn dy moannen stiet yn it wykbled krekt in serie artikels weryn sjoernalist Ben de Cocq telkens in Nederlânsk hotel besprekt. Van Westerloo kriget dus de moaiste keamer fan it hotel. Jo kinne nea wite… Tsjin middernacht pakt de soan fan de eigner al syn moed byinoar. “Binne Jo no Ben de Cocq?” freget er. “Nee”, seit de sjoernalist. De jonge slacht him foar syn kop. “Stom!” ropt er, “dan hie ‘k Jo ek gjin kofje op ’e keamer hoeven te bringen…” Dy nacht sliept Van Westerloo as in prins.
Dit is myn lân
As lêste in gedicht fan de Hollânske dichter Ed Hoornik. It hiele gedicht giet oer ‘De elf provincies en het nieuwe land’. Ik fyn it hast in klassyk fers. It jout sa goed wer hoe wêzentlik it frysk is foar it karakter fan de provinsje wêr’t Heech ek diel fan útmakket.
‘Niet in mijn dorpen en mijn elf steden / niet in mijn meren en mijn heerlijkheden
ben ik het meest mijzelf, maar in mijn taal / het instrument waardoor ik ademhaal.’
Trije euro foar al dit moais – gjin jild…
Symon van der Meer