It wie ein novimber doe’t ik telefoan krige fan immen út ús doarp. Sy begelied swangeren yn it proses nei de berte fan harren bern. Sy hie kontakt mei in stel da’t harren earste poppe ferwachte. In spannende en moaie tiid bruts oan, oan’t it momint dat de befalling in oare wending krige…
It earste kontakt
Yfke wie berne, in prachtige befalling fertelde de mem my, oant it momint dat der sa’n 18 helpferlieners stiene yn de keamer fan harren hûs. It gie net goed mei Yfke en sy kaam 3 dagen nei har berte te ferstjerren. We rekken yn petear en tochten hoe’t wy op in intieme manier ôfskied nimme koene fan Yfke. Want dat fertsjinne sy, sy is it moaiste bern fan de hiele wrâld, fertelden de âlders my. En sûnder myn eigen bern tekoart te dwaan,….Yfke wie in prachtich famke! Alles derop en deroan, spitich dat sy net langer op dizze wrâld bliuwe mocht.
De wûnderdoaze fan Leo
Myn wurk bestiet foar it grutste part út it ûntsoarchjen fan de famyljes dy’t ik helpe mei. Sa krigen we hieltyd mear ideeën foar it ôfskied fan Yfke. De heit woe graach ballonnen oan de flagge thús hingje, want; hja wiene wol grutsk op harren famke. Fansels die ik de auto los, en helle in heliumbus op om de ballonnen te follen mei dit guod. Sa helle ik hieltyd guod út myn auto, en neamde de mem it al de wûnderdoaze fan Leo. Kearskes op tafel, myn frou makke prachtige foto’s fan dizze dei en sa wie it in intens ôfskied. “Yfke hat in die trije dagen in protte betsjutten foar de leafhawwende minsken om harren hinne. Se hat de famylje hechter makke”
Musyk
De dei fan it ôfskied wie yn’e húskeamer fan de âlders fan Yfke. Kearskes oan, we praten mei inoar, de mem hie oer de ôfrûne dagen harren gefoel op papier set, en dielde dit mei ús allegearre. In trien rôle oer myn wangen, sa kaam dit binnen. En doe de muzyk, Yfke moast witte dat de musyksmaak fan Bruce Springsteen dochs wol by de mem fuortkaam. We setten it nûmer ‘Human Touch’ op, lekker lûd, en de heit en mem fan Yfke pakte har op, ticht tsjin inoar oan en dûnsje troch de keamer. It is in momint dy’t ik net gau ferjitte sil. Yfke sit yn ús hert, de moaiste Yfke fan de wrâld!
Fansels is dit berjocht yn gearwurking mei de famylje fan Yfke opset.
Elkenien fertsjinnet in ôfskied mei in goed gefoel. Wy binne der foar jo om dit klear te krijen. Mear witte? Skilje ris mei ús.
Waarme groet út namme fan Heslinga Utfeartsoarch, Leo Boermans