HEGEMERS BEDANKT!!!!!
Dankzij vele enthousiaste collectanten en gulle gevers, is de jaarlijkse collecte van het REUMAFONDS weer prima verlopen/gelopen.
We werden verrast door een echtpaar die een gift doneerde van €350,- ter ere van hun 40-jarig huwelijksfeest. Enorm bedankt voor de geweldige gift die we aan de collecte toe mochten voegen.
Mede hierdoor kwam HEEG op het mooie totaalbedrag van €1.432,35!!!
Namens het Reumafonds bedankt!!!
Comité Heeg
Jellie Cnossen-Terpstra en Nellie Koenen-Terpstra
De Biljet klub De Lêste Stoat hat tiisdei 15-4-2014 de winners fan de tiisdeis en de tongerdeisploegen, tsjin elkoar spylje litten om ta de klupwinners te kommen.
De foarsitter hat de middei iepene, en út de doeken dien welke spilers om de seisde en fiifde spylje, en der nei om de fjirde en de tredde, de lêste gie om de twadde en de earste priis mei de wikselbeker.De foarsitter hat ek meidield dat Ids Osinga foar de klup betanke hat,mar dat it noch net útmakke is wa foar him yn it plak komt.Jan vd Heide of Douwe Tilkema. Hy hat ek meidield dat Ruurd Haringa no fanút Ljouwert yn Snits yn it sikehús leit,wer hy earst oan sterkje moat.
Dernei moasten Hielke Schrale en Geert v/d Bijl spylje om de leegste priizen 6 of 5 dit wie spannend om dat se gelyk einigen,nei fiif beurten ekstra wer gelyk, doe wer twa beurten wernei Geert de partij wûn hat. Cato de Jong moast tsjin Sjirk Duiker, dy partij waard wûn troch de meast berékkene en oefene spiler Cato de Jong. De tredde partij gie om ien of twa, Pieter Visserman moast tsjin Willem Boschma in âld Hegemer dy ‘t fan Snits nei de tiisdeis ploeg komt om te spyljen. Pieter wûn dizze partij en wie der mei de winner fan competysje de grutste priis en de wikselbeker wer’t syn namme yn grafeare wurdt,Willem Boschma hat de twadde, Cato de Jong tredde, Sjirk Duiker fjirde, Geert v/d Bijl fiifde en Hielke de seisde priis. Dizze útslach lit blike dat guon tongersdeisspilers wat mear talent ha en oefene binne, wer’t de oare leden yn mei lifte. De tiisdeisploech binne op inkele nei wat minder toek,dy binne wat mear fan sa sewat, op hoop fan segen, en ha ek mear praatsjes achternei. Nei ôfrin wie der noch in priis foar de heegste searje, no dat soe Feite de Vries hast wêze mei fyftich presint, maer der kaam Rinse Westra noch boppe út mei 50,08 no dat levere in priis op en in wikselbeker mei syn namme der yn.Dermei kaam der in ein oan de slotmiddei, en koe dy jinge mei toarst der noch wol ien op drinke.
Skriuwer F Kuiper