Stamppottoernoai Biljertklup De Leste Stoat

28 januari 2016

in Biljart

Januari 2016

Se hiene it der al oer de mannen fan de klup, wy ha straks wer stampottoernoai. No doe‘t it 2016 wie, doe wie it safier, de ponghâlder hie wer treie biljerttafels besteld op 4 januari, en de regelateurs hiene de seal dy middys alhiel ynrjochte, en de oare deis koe it heve. Mar dy jûns kamen de earste telefoansjes al by de foarsitter. Fan ik kom net om ‘t de diken glêd binne, en moan ek net want dan binne se noch glêd, en wer oaren, ik ha skeel, in tredden ik bin siik, en de fjirde hie de gryp.
Doe moast de foarsitter fjouwer ynfallers regelje en dat is slagge, T. Arema, D. Tilkema, W. Bouma en A. Blanco ha mei dien as wiene se lid fan de klup, tige tank. Mei de noadige spanning yn ‘t liif om goed te prestearjen, wol it net altyd sa‘t de spiler graag wol, en is it krekt mis, en bliuwt er ien foar de tsjinpartij lizzen. No waard er dit toernoai oare regels tapasse, de fjouwer pouls diene oars lykop om de prizen, dat is no net meer sa. De eerste twa pouls spilen no hun eigen toernoai mei hun wikselbeker. De oare twa pouls stjitte no om hun wiksekbeker, hjirmei komme de prestaasjes fan de spilers wat meielkoar oerien. En kin er net meer in spiler út poul fjouwer mei wat gelok it hiele toernoai winne.

It wie bêst gesellich tidens de wedstriden, de tee of koffie mei in lekkere koek koe elk him sels rêde, wanneer hy sels de konsumpsjekaart mar oansstrepe, en op bestelling waarden de lytse en grutte gleskes en fleskes wol serveare. De resultaten fan de partijen waarden flot troch de regelateurs op it skoare boerd pleatst. Der tusken troch moats der noch wer in ynfaller foar in ynfaller socht wurde, en dat slagge ek mei H. Korge, en letter noch Sybout de beheerder fan it Heechhús.

Nei twa en in heale dei biljertten, en der nei sitte te sjen, wiene wy wol oan wat oars ta. Tolve ûre oan de bar om wat praatfocht en dêrnei koene wy oan tafel foar de Stamppot, no de stemming derfoar wie der alhiel.
Mar eerst hat de foarsitter ús efkes út de doeken dien hoe‘t elke spiler der foar stie, en wa‘t nei it iten om de prizen spylje moasten.
De ponghâlder kaam ek noch út de hoeke mei in traktaasje. Doe hat Klaas it wel en wee fan san toernoai alhiel op rym foar ús foardroegen, dat wie moai.

oan 'e stamppot

oan ‘e stamppot

No en dêrnei mochten wy by de stamppot lâns om sels op te skeppen mei in gehaktbal of woarst nei keuze. No dat wie best lekker en der waard ús noch wat lekkers foar efternei beloofd, mar earst soe Klaas it kluplied mei ús sjonge, en dat gie oan. It liet Dreambol op de wiize fan it bekende liet Droomland, it refrein fan it liet waard wer mei in grut gefoel songen troch de mannen fan ‘e klup. It beloofd lekkers foel der al sa yn, en oan tafel waarden noch sterke ferhalen fan froeger ophelle.

Dêrnei fûn de foarsitter dat ‘t wer tiid waard om nei de biljertseal te gean, en moast der troch de spilers en stjitters mei de measte punten om priis en premie spile wurde.
Op tafel 1 moast spile wurde troch D. Tilkema en Liuwe Ypma, dat waard wûn troch Tilkema, en hy hie der mei de tredde priis en Ypma de fjirdde. Op tafel twa wiene Ane Kuiper en Jan Boersma oant stjitten, dy wûn Jan en hie dermei de tredde priis fan de pouls trije en fjouwer, en Ane de fjirdde priis.

Pieter Visserman

Pieter Visserman

Dernei moast op tafel ien spile wurde, troch Piter Visserman tsjin Domien Ketelaar, der wie Piter de baas en hie hy de eerste priis mei de wikselbeker. En Domien Ketelaar hie de twade priis fan de pouls 1 en 2.

Op tafel twa wiene Bouwe en Foeke oan it stjitten, wat ek net bêst gie, mar dochs yn it lêst fan de beurten kaam der foar beide wat skot yn wêrtroch it spannent waard. Mei de lêste beurt moast Foeke noch twa, en dat slagge, mar Bouwe moast fan kyt ôf noch ien, dy wie ek hast raak.

Foeke Kuiper 1e priis van poul 3 en 4

Foeke Kuiper
1e priis van poul 3 en 4

Dêrtroch krige Foeke de grutte priis, en Bouwe de twadde fan de pouls trije en fjouwer. De priizen mei lokwinsken waarden útrikt troch ús foarsitter T. Grondsma mei hantsjeklap fan de oanwézigen. Dêrmei wie it toernoai moai op tiid ôfrûn, dat fûnnen de measten net slim, en koe alles mooi op tiid wer opromme wurde.

Hulde oan dy mannen dy ‘t frijwillich meiwurke ha oan it slagjen fan dizze mooie dagen.

Skriuwer F. Kuiper. Fotograaf J. Witteveen.