Heech fan Alds 1950

8 juni 2018

in Heech fan Alds

Hy wie in man mei in kwatte achternamme, de Bock hjitte hy, en dat is no tefallig ek de namme fan in mantsje geit, dy neame se ek in bok.
No hie de Bock ek wol wat mei bisten, hy gie earder de boer op om dêrfoar de kreupele kij de poaten te bekappen, en skiep út de wol knippe. Self hie de Bok ek in pear skiep, dy by buorman boer Bouma op de pôle rûnnen, dy skiep koe hy melke, dan hie hy wat molke foar thús, ek foar de kofje. Dêrtroch kaam de Bock regelmjittich efkes by boer Bouma yn it bûthús dêr wie it wol smûk, en dêr koe hy ek wolris in praetsje kwyt, en hy mocht der ek wol oer ien foar de gek te hâlden. No moast hy it boerefeintsje efkes foar it lapke ha.
Hy sei Bernard ik ha hjir in stokje wolst do der efkes op stean gean? Bernard socht der neat achter, en it wie foar him ek gjin grutte muoite en die dat dan mar, doe sei de Bock leitsjend sjoch in aap op in stokje.
Doe fielde Bernard him beetnommen, en hy hat der lang oer neitocht om de Bock werom te pakken. En safolle dagen letter, de Bock wie wer yn it bûthús, doe hie Bernard in tou en hy sei tsjin de Bock wolle jo dit ein fan it tou efkes fêst hâlde? No de Bock seach gjin beswier en pakte dat ein tou beet. Doe moast Bernard leitsje, en sei, no ha ik de Bock oan ‘t tou! Dat foel by de Bock ferkeard, dy rûn lilk it bûthús út, mar foar Bernard wie it ien gelyk.

Dit lies ik yn in dikke map fan Heech fan Alds, sa wie dit in keer opskreaun troch frou B. v.d. Heide-Hulsinga.

F.K.