Wa Gerard wie? No dat wie in aardige jonge út it grutte boere gesin fan Hendrik Witteveen fan Lytshúzen. Gerard wie in bliere jonge, mar hy hie der ûngemak fan dat hy wat in ôfwiking oan syn rêch hie. Gerard hie nocht oan rymjen en dichtsjen, en dat die hy oer fanalles. Hy makke in gedicht oer de pastoar en ek oer syn leafste ko.
Mar Gerard woe krekt as alle jonges sa graach in bromfyts ha. En ek dêr makke hy in gedicht op.
En dêr kaam by, Gerard gie graach yn Heech nei fuotbaljen, en ek mei de klup yn de bus nei oare plakken wer spile wurde moast. En as se dan wer yn de bus nei hûs riden dan droech Gerard syn bromfyts gedicht foar yn de bus mei fuotballers.
En dat gedicht gie sa:
De brommer
Refrein En dan brom ik op myn brommer troch de buorren
En dan brom ik mei myn brommer oer de dyk
En dan brom ik mei myn brommer nei hus ta
En dan brom ik mei myn brommer nei ’t fabryk
1. Ik tel by myn maten net mear mei | 4. Al myn maten hawwe in faam |
Se rinne allegear by my wei | En ik stean hjir mar hwat by ús yn ’e daam |
Se sizze my net iens goeie dei | Dêr komme se wer oan, no is it even stop |
Se sjogge my sels net iens mear oan | Sjoch de famkes klimme der al efter op |
Ik koe der wol tusken komme | Och sûnder brommer is men ek gjin minsk |
Mar dan moat ik mei hun bromme | In brommer dat is ek myn iennichste winsk |
refrein | refrein |
2. Oars kocht ik ek in splinter nije | 5. No ha ik foar goed myn sin |
Mar heit wol dat beslist net lije | Omdat ik einliks bromme kin |
Nou rin ik it doarp wat op en del | Ik krij in brommer op myn jierdei |
En de brommers dy meitsje my mar kjel | Heit sei it tsjin my justermiddei |
Och oare dingen hoef ik net | Moarn bringe se him by my thús |
Mar in brommer dêrfan ha ‘k ferlet | Moarn ha ik in brommer yn ’e hús |
refrein | refrein |
3. Willem en Piet en Kees en Sjouke | 6. Juster ha ik myn brommer foar it earst prebearre |
Sytse en Klaas en Jap en Bouke | Mar it is alhiel mislearre |
Sjoch se ris mei hun brommers fleanen | Ik bin der mei tsjin de beam oan flein |
En ik stean hjir mar te stean | En myn brommer is út elkoar slein |
Ik stean as in droege nozum | Ik hoechde hjir allinne mar wat ferbân |
Mar ik bin sa graach in Brozum | Mar hie ik myn brommer noch mar hân |
refrein | refrein |
Deklamaasje +1960
Gerard woe de jeugd oansette ta sporten, dat is him yn Snits better slagge dan yn Heech. Gerard mocht net âld wurde, mar yn Snits fynt de familie wol us in blomke op syn grêf. De informatie komt út de map ‘Persoanen en ferhalen’, fan Heech fan Alds.
F.K.