F.K. warber en kreatyf …

7 april 2019

in Verhalen

 

Wa wolris yn Talma State komt, wit dat der al sûnt in jier wiksel eksposysjes te bewûnderjen binne. Sa ha al in tal ynwenners fan Heech harren wurk dêr eksposjearre. Fanôf april is F.K. oan bar.

In bytsje Heechemer kin F.K. wol fan sy’n pronkjes fan de houten bylden yn it Heempark. Ast Heech yn komst of útgiest wurdst Wolkom hjitten of Goeie reis winske troch de houten bylden dy’t oan ‘e râne fan it Heempark stean. En yn ’e Sylboade kinst stikken lêze oer it libben fan eartiids yn Heech, ûndertekene mei F.K. Mar dat hy ek noch oare talinten hat, kom ik efter as hy ûnder it biljerten yn Talma de opmerking makket: “ik wol myn keunstwurken ek wolris yn Talma State sjen litte.”

Der moat dus in stikje mei foto’s oer syn ekposysje yn it Talma krantsje ‘De Wynroas’ setten wurde. Ik skilje F.K. en freegje of ik efkes lâns komme kin. “No, wannear hiest tocht, want dan bliuw ik noch efkes thús…“ Tink mar net dat F.K. (85 jier jong) altyd thús wat yn ‘e luie stoel om hinget… Ik wit net wat ik dêr sjoch… ik tocht oan houten bylden, mar yn ‘e garage hingje tal fan skilderijen… en in wurkromte fol mei ark.

Dit is ek wol in artikeltsje yn ‘e Sylboade wurdich… Op in reinige middei skilje ik F.K. of it past foar in petearke  foar in stikje yn ’e Sylboade oer syn hobby’s. Hy moat efkes frou Trienke freegje of se ek wat yn ‘t sin hat… “Do hellest my no dan wol út de anonymiteit” seit er. Under de kofje mei wat lekkers fertelt Foeke oer syn komôf en libbensrin.

Oeroerpake wie weinmakker yn Balk. In soan, myn  oerpake waard bakkersfeint by in bakker yn Heech, wêr’t Terpstra ek bakker wie, en naam dy saak letter oer. Twa soannen giene nei de Gaastmar wer‘t de ien bakker waard, en ús pake waard dêr winkelman en ferkocht der ek feefoer. Hy kocht letter de pleats wat no de ‘Cnossen pleats’ is foar syn  soannen. Ien dêrfan wie de heit fan Foeke, en op dizze pleats is Foeke berne yn 1933. Troch omstannigheden en resesje, Foeke wie doe 5 jier, is it gesin ferhuze nei Heech op it boerespultsje yn ‘e Bûterhoeke, fan pake en beppe fan mem har kant.

Nei 8 jier legere skoalle gie Foeke ien dei yn ‘e wike nei de lânbou skoalle yn Snits. Hy soe der al earder hinne, mar syn heit hie him fergetten oan te melden. Heit hie net alle dagen wurk foar Foeke en sa wurke er ek by de buorman boer Jorritsma (no d’ Aldwâl), en dêrneist die Foeke ek oare putsjes, sa as strondskeppe yn skippen dy’t de dong nei Hollân brochten foar de blombollen. Ek hat er mei hynder en wein turf foar turfskipper A. Veenstra de hannel nei de klanten riden.

Yn 1968 waard Foeke boer op it spultsje fan syn âlden. Foeke: “ik hie nocht oan bouwen en ferbouwen, en ha doe it spultsje eigenhannich ferboud sa dat ik dêr op ’t lêst 28 bisten op stâl sette koe.” It wie net maklik buorkjen midden yn Heech, it lân lei oan wjerskanten fan ‘e Skatting en oer de Tsjerkesleat, dêr gie in soad tiid meihinne. Yn dy tiid makke er wolris in kastke of taffeltsje foar yn ‘e hûs. Hoewol’t er op ‘e legere skoalle goed tekenje koe mei eastyndiske inket, rakke dat út byld. Mar nei de brân yn 1991 wie Foeke wol klear mei buorkjen en waard hobbyboer en sa wie der tiid foar oare saken. Syn sus koe goed skilderje en sei tsjin Foeke, “dat kinsto ek wol”. Hy krige plaatsjes út de krante fan har en skilderde dat nei. Mar ek wol eat wat er op syn netflues hie, sa as de skiphelling (stie yn ‘e Sylboade fan maart). Foeke skildere mei oalje en akryl ferve, en natuerlik makke er de listen sels. “It kreative ha we fan memmekant” seit Foeke, en lit my in kistke fan moai houtnijwurk, makke troch in famyljelid, sjen.

Mar de komputer kaam op syn wei, en moast de laptop in fêst plak ha… Der stie ek in oargel yn ’e hûs, mar muzyk lei him net sa, en hat doe fan it oargel mar in moai buro makke. Op kursus by Seniorweb, ”der gie in wrâld foar my iepen, kinst fan alles fine op www”, seit Foeke. Stambeam ûndersyk, en stikjes út it argyf fan Heech fan Alds skriuwe foar de Sylboade. It wie dien mei it skilderjen, “wêr moatst ek mei al dy skilderijen hinne, alles kin net oan it lewand!”

Under in fytstocht yn ’t Riisterbosk seach er kabouters en poddestuollen fan hout en krige doe in nije ynfal…  As frijwilliger yn ’t Heempark, wêr’t er it ark skerp hâldt, seach er syn kâns, en makke er mei hammer en beitel fan snoeihout moaie bylden. Sa makke er it famke ‘Linde van de Lindelaan’ fan in omwaaide beam út de linebeamleane. In byldsje wêrfan de kop op Wilders like waard der al hiel gau ôfhakke. Hy makke ek boarters tastellen en in hutte foar bern yn it Heempark, mar dy moasten derwei fanwegen feilichheids easken.  In pakesizzer út Limburch kaam mei fjouwer tsjillen en sei: “pake zullen we daar een zeepkist van maken?” It waard in giele ‘zeepkist’ en hie er betocht dat it embleem fan Roda J.C. derop skildere moast. Dêr woe er mei fan heeg nei leeg ride yn Heerlen.

Foeke en Trienke wenje no op in daalders plakje wat eartiids harren lân wie. Twa hjerringslynders binne oan ‘t baltsen yn ’t wetter efter hûs wêr’t iens de kûlebult stie. Ik krij noch wat bysûndere staaltsjes houtsnijwurk te sjen sa as ûndersteande: “witst wat dit foarstelt? dat binne nudisten…“

F.K. in warber en kreatyf man mei gouden hannen…

Mariet Swart