Echte diehards

17 september 2019

in Verhalen

Wat is it dochs moai dat der op de ‘Clasina’ fan Piet ek alle jierren wer ‘jonge-âlden’ mei gean nei it skûtsjesilen. Echte diehards binne de froulju Riekje van der Pol (yn ‘e 80) en Trijntje Flapper (yn ‘e 90, út Talma State).

Piet hat it goed foarinoar, do kinst mei de rollator oan dek komme. De froulju wurde by Piet op hannen droegen. Kompanjon Janneke foarsjocht se fan kofje en tee mei in Fries dúmke, mar in advokaatsje of in skippersbitter falt der by de froulju ek wol yn. Dizze middei op ‘e Hegemer Mar waait it dat it riket, it hier waait je omtrint  fan ‘e kop. It deart dizze froulju alhiel net, se genietsje folop fan wat der op it wetter bart.

Mariet Swart