In lytse biografy fan in grut minske

10 mei 2021

in Verhalen

Elke kear as wy nei Heech gean en oer de Molefinne ride komme wy foarby it hûs op nûmer 44 wêr eartiids master Willem O. Santema wenne. Yn de tiid dat hy noch libbe stoppen wy faak efkes by Willem en syn frou Janny. Der wie altyd wat te besprekken – oer de famylje, oer syn fotogalery yn de Sylboade, oer de tsjerke, oer de histoarje fan Heech, oer de ielaak.

In inkelde kear kamen wy te sprekken oer syn omke Willem Santema, de fersetsman út Snits. Tegearre mei syn Snitser kollega en skriuwer Henk van der Veer stelde hy yn 1990 in boekje mei-inoar oer it libben fan omke Willem. Hy wie der grutsk op. Ik krige in eksimplaar fan him kado. In kostber kado.

It is ein 2020 as der by útjouwerij Noordboek op’e nij in boek oer de Snitser Willem Santema ferskynt. No gjin beskieden boekje mar in offisjele biografy ûnder de titel ‘Door de tralies schijnt de zon’. Dat komt sa. Fyf jier derfoar stiet Willem Santema út Heech mei syn beide soanen yn it seminaarje yn Haaren (N.Br.) op it plak wêr’t syn omke yn ‘e oarloch sawn moannen lang finzen siet. Op dyselde dei en op itselde plak stiet ek de historikus en skriuwer Peter Bak. Hy is dan dwaande mei in boek oer de saneamde Trouw-groep, wêr’t  fersetsman Santema yn dy jierren ek ta heard. Bak beslút om syn earstfolgjende boek oer dizze man te skriuwen. De Santema’s út Heech wolle him oan it nedige materiael helpe. As Peter Bak safier is moat Willems soan Abe Pier him melde dat syn heit koart derfoar ferstoarn is. Hy sil de publikaasje fan it boek net mear meimeitsje. Wat Peter Bak njonken it materiael út it famylje-argyf fierder noch by elkoar skarrelt oan ynformaasje is yndrukwekkend. Dêr skriuwt hy no syn boek oer. Net in dikke biografy. Santema is 42 jier wurden. Syn libben is sis mar healwei yn ’e knop brutsen. Lykwols, yn syn ‘heale’ libben hat hy mear dingen oanpakt dan de measte tiidgenoaten yn harren hiele libben.

De biografy fan Peter Bak is gjin slim boek. It is goed en flot te lêzen. It telt 23 haedstikjes fan heechút 10 bledsiden elts. Moaie ferhalen út de jongesjierren fan Willem yn Skearnegoutum, oer syn strapatsen oan ’e hoannebalken boppe yn de lege golle, oer it aaisykjen yn ’e maitiid en it reedriden yn ’e winter (fyf kear de âlvestêdetocht!), oer syn skoalletiid en syn krantenskriuwerei en fral oer syn lettere reisen as privee-sjauffeur troch hiel Europa. Yn de tritiger jierren warskôget hy oeral wêr’t er mar kin foar Hitler en it nazi-rezjym. Mar mear as de helte fan it boek giet oer it fersetswurk fan Santema yn ’e oarlochstiid. Earst yn Snits en omkriten en sûnt 1943 yn Amsterdam. Yn Fryslân is it dan net mear fertroud foar him. Hy is drok mei it yllegale blêd Trouw. Hy rjochtet mei oaren ‘de Raad van Verzet in Nederland’ op. Hy bringt joaden ûnder, helpt piloaten oan in skûlplak, is drok mei bonnedistribúsje. En dit alles docht hy fanút in fêst en sterk leauwe.  Krekt foar de krystdagen fan 1943 wurdt Santema oppakt, oerbrocht nei de Weteringskâns en dêrwei nei Haaren. Dêr wurdt hy yn augustus 1944 fusillearre.

Dit is yn ’t koart in ferhaal oer ‘een kleine biografie van in imposante man’, sa’t Peter Bak it neamt. Dizze Sylboade ferskynt as it goed is op 4 maaie. Dit is de dei fan betinken. Hjoed betinke wy de minsken dy’t yn ’e twadde wrâldkriich ferstoarn binne foar ús freiheid. Hjoed betinke wy dêrom ek Willem Santema silger, de moediche fersetsman út Snits.

Symon van der Meer