Ald en nij

Post image for Ald en nij

7 december 2010

in Verhalen

Op in middei, hast oan it ein fan it jier,
seach ik harren beide gean, oer de Syl.
De âld man hâlde in kofferke yn ‘e hân
it frommiske in optearde paraplu.
Yn ‘e koffer siet op in prop it âlde jier
âld, hast tenein en skjin fersliten.
De man sei: “Der sit snie yn ‘e loft,
Heech giet yn ’t wyt fan âld nei nij.”

Hja skarrelden súntsjes meiinoar op
der siet net mear as in meter tusken.
Foar it doktershûs hâlden hja efkes stil.
“Kalm oan”, sei er, “’t is noch gjin tiid.”
Hja eagen in amerij it wetter oer,
en fierder noch, it lân oer en de mar.
Hja sei: “Dit jier, wat wie ’t in moaie tiid…”
Hy knikte: “… en no troch nei ‘t nije jier!”

Op ‘e brêge by De Watersport
stiene hja op ‘e nij efkes stil.
“Wolst noch in spjeltsje fan my ha,”
frege hy har, “in moai sulveren skipke of sa?”
Hja lake: “In skipke as oantinken oan dy…,
Dat is krekt it lêste wat ik no nedich ha.
Ik hie de hânnen al mear as fol oan dy.”

Op ‘e hoeke fan de Skatting en Breewar
sette de man it kofferke del op ’t trottoir.
“Net ferjitte”, sei er, “as de bus daliks komt!”
Hy naem har lytse hân yn syn grutte  fûst.
“It sil stil wêze as ‘t der strak net mear bist…”
Hja streake sêft syn fûst: ‘Myn tiid is wêst
do krigest nije kânsen, in hiel jier lang.
Ik winskje dy gelok ta en seine fan boppe!”
Ut ‘e skiere loft dwarrelde snie nei ûnderen ta.

Yn it westen wie de sinne wilens ûndergien.
En doe:  de bus! Dêr kaem de bus
mei piipjende remmen de hoeke om.
Earst waerd de koffer wei troch de iepen doar
en doe it frommiske fluch de koffer efternei.
De sjauffeur wie hastich, it jier wie ommers hast foarby.
Hy die de doarren ticht, de foet op ’t gas,
en noch foardat de man fatsoenlijk wiuwe koe
wie de bus mei ’t âlde jier al it hoekje om.

De âld man stie ferbaasd om him hinne te sjen
snie op syn pet en it jier foarby, foargoed foarby.
Mar – harkje no goed! – dat jonkje dêr op syn fyts,
syn pakesizzer, kleur op ‘e wangen, ’t hier rjocht oerein,
remmet flak foar him, as wie er de bus fan niiskrekten hymet en pûstet en laket en skreauwt:
“Takomme jier, pake, dan wurde wy kampioen!”
Dan nimt pake syn pet ôf en stekt de tomme omheech:
“Dat wurdt de takomst, in protte lok foar Heech
en seine foar ús allegearre!”

Symon van der Meer,
’t Eilân 17