De Generale

25 januari 2011

in Verhalen

Post image for De Generale

Op ien fan ‘e eerste dagen fan it nije jier lit ik ús hûn Laska út. It beest komt út in asyl en hat dêr de namme Laska meikrigen. Dat moat men net feroarje. Dat heart sa. Ik doch har de riem oan ‘e halsbân. Laska hat nukken. De iene keer rint se moai mei my op, in oare keer smeert se him wêr’t jo by steane. Dan stowt se foarby It Heechhûs, de brêge oer en de buorren yn. Dan is se ûren lang net te sjen. De riem dus om ‘e kop. Neist de riem leit it skepke. Dat giet ek mei. Jierren lyn kaam ik mei de moarnskrante út ’e winkel, ûnderweis nei hûs ta. It beest draafde fleurich en blier om my hinne, sakke op in gegeven momint justjes troch syn achterpoatsjes en liet him dêr wat ûntfalle. Tichteby stie in man, heal yn ‘e ûnderwâl. In ynspecteur of sokssawat. Doe‘t er seach wat myn hûn falle liet libbe de man súver op. Aha, dit wie in dúdlik gefal fan wetsoertrêding – wist ik net dat dit sûnt koart absolút ferbean wie? Nee, dat wist ik net. Hie ik de krante dan net lêzen of wenne ik soms net yn Heech? Nee, ik wenne net yn Heech, ik wie hjir as toerist, mar ik woe my fansels wol oan ‘e regels hâlde. No, dan woe hy yn dit gefal de hân oer ’t hert strike: ik krige in stapeltsje pûtsjes fan him mei en dêr koe ik it saakje tenei mei ophimmelje. Moai klear. Sûnt die tiid rin ik mei in skepke út ‘e sânbak fan ‘e buorbêrn.

Wy rinne foar de huzen fan it Eilân lâns en slaan by it lêste hûs rjochts ôf. Foar ús út leit de jeugdherberch Stayoké. Ik meitsje de riem los fan ‘e halsbân en lit de hûn los. Efkes probearje. Laska sjocht om har hinne en rint dan moai mei my op. By it hikje fan ’t gymnastyklokaal bliuwt se stean. Meastal komt der wol in jonkje of in famke nei bûten stoarmjen. Prachtig om dêr efkes tsjin op te springen. Hjoed trouwens gjin jonkjes of famkes te bekennen. Tsjinoer it gymnastieklokaal hat in bewenner in lyts beamke yn ‘e grûn stutsen. In dikke stok derneist en in leren riemke om it beamke rjocht oerein te hâlden. Laska hat tige nocht oan de smelle stam. Se rint der in pear kear omhinne en snuffelt ûnderwilens oan alle kanten. Dan sakket se krekt even troch de achterpoaten en pisset der in bytsje tsjin oan. Soks kin men net fan tefoaren oankommen sjen. Wy litte dit sa. Even fierderop steane de izeren kontainers foar it ôffal. Dêr hat it beest it net op stean. Sa no en dan smyt ik der in pûde mei ôffal yn. Jo klappe it deksel dernei mei in hurde klap ticht, want oars wol de heak him net efter de râne fêstsette. Die klap der hat Laska it net op begrepen. Se wit net hoe fier se oan ‘e oare kant fan ‘e wei lâns krûpe sil om mar út ‘e buurt fan ‘e klap-kontainer te bliuwen.

Dan draaft se fierder nei it alderlytste stikje grien dat krekt op ‘e hoeke stiet fan it paad nei de jeugdherberch en it smelle paadsje by de sleat lâns nei it wite húske ta. Dat is it plakje wêr as de measte, sa net alle hûnen harren sluzen efkes iepen sette. Dêr rûke jo sûnder ienige twyfel de lekkerste geuren die’t jo mar betinke kinne. Laska kin der wol minuten-lang stean te rûken. Heerlijk, niks gjin klap-kontainers of plastic-pûden, allinne mar suvere pis fan kollega-hûnen. En dan te betinken dat inkelde minsken fan it Eilân dizze sleat tichtsmite wolle, want it soe in stjonksleat wêze. Hja hawwe it sels foarstelt by de gemeente, mar dêr ha se der in stokje foar stutsen. Niks tichtsmite, iepen hâlde, al soe it allinne foar de wylgebeamen wêze.

Ik bin de hûn al it heale tegelpaadsje foarút as se har mei spyt losmakket en my dan razend-snel foarby sjit – oant se by it lêste stikje fan it paad ynienen út alle macht ôfremmet, fjouwer poaten styf tsjin ‘e looprichting yn. Ik haw har leard om dêr op dat stikje gêrs har boadskip te dwaan. Nuver genôch hat hja har dat yn ‘e kop setten: hjir moat it gebeure. Se rint in pear kear op dat stikje grûn hin en wer en draait dêr har rûntsjes. Frjemde meneuvels, mar sa docht se dat – flak foardat de grutte boadskip komt. Ik moat my no net nei har takeare, dat fynt se net moai, dan skammet se har in bytsje. Ik rin dus in eintsje fierder, fluitsje efkes nei de beamen, reachje wat mei myn skepke yn ‘e ûnderwâl om en sjoch ûnderwilens mei in skean each nei achteren. Ja hear, se komt stadich oerein, rjochtet har op en lit dan de bút de bút. Dit wie it wêr‘t se foar mei gean wie, dit wie har boadskip – mar se tinkt der net mear oan.

Hja reaget no de hoeke om en fljocht sneller as in hert oer it terrein tusken de huzen en it wetter fan de Heechemer mar. Ik bin benijd of ‘t se der fan troch gean sil of allinne mar de poaten even strekke sil. Se giselt hin en wer en draait de grutste kringen fan ‘e wrâld – fjouwer, fyf, wol seis kear – en dan stiet se ynienen stil, flak by ’t wetter. Wat sjocht se dêr? Dêr sjocht se wol tsien of tweintich einen yn ’t wetter. Se blaft in pear kear fûleindich mar de einen draaie der harren kop net iens foar om – die ha wol wat oars to dwaan. De hûn draait har om en draaft nei de bungalows oan it wetter. Even sjen oft dêr by it stek ek in oare hûn syn of har reukflachje útsetten hat. Ja, lit dat no tafallich krekt sa wêze. Laska kin der net genôch fan krije – se draait en se snuffelt en se prebearret ek noch om der sels in pear drupkes del te lizzen.

As ik har ynhelle ha en by har bin tink ik: “Pak ik har no by de kop en lis har oan ‘e riem, of prebearje ik it no oan it ein ta, mei it risiko dat se him smeert?” Ik doch it lêste. Ik rin fierder en lit har de allerlêste dripkes der út parsje. By de lêste bungalow draai ik de hoeke om en rin oer it gêrsfjildsje nei de trepopgong. No wurdt it spannend – komt se my efternei of sil se trochrinne, nei de boaten en fierder nei de brêge ta en dan foetsie? Ik sjoch noch niks neist my. Ik rin fierder, en fierder, en fierder… En dêr stowt my ynienen Laska foarby, regelrjocht nei de trep ta. By de opgong stiet se op my te wachtsjen. Har sturt swiepket hin en wer. As ik de trep opgean rint se moai efter my oan, rjocht op it achterste appartemint oan. It eksperimint is slagge!

Dit ritsje, hjirre yn Heech of somewhere else, dit kuierke sille wy yn ‘t nije jier by libben en wolwêzen noch goed trijehûndertfytich kear meitsje – moarns in kear en jûns in kear. Dit wie de generale. Laska is der klear foar. Wy ek.

Symon van der Meer
’t Eilân 17