Koek en Sopie

25 januari 2011

in Overig nieuws

Post image for Koek en Sopie

Wat wie it gesellig op ‘e poel !!!

De iisklup hie in moaie baan makke en soarge der foar dat der elke dei wer fage waard. Ek kamen de ljochten op sadat je der op jûn ek noch efkes ride koene. Wy tochten der moat ek koek en sopie by. Mei in soad nocht en wille ha wy der poeiermolke, limonade en koeke en sa ferkocht.

Wy diene it net djoer
Mar holden der dochs wat jild oan oer
Wy ha foar 230 euro ferkocht, en hawwe doe it folgjende betocht
De helte fan it jild giet nei BELARUS ta
En de oare helte nei HEART FOR CHILDREN yn Afrika
Minsken bedankt dat jimme in bakje by ús kochten
Sa dat wy der wer oare minsken bliid mei meitsje mochten

Groetnis fan Hylke en Jeltje, Anna en Arjen, Freerk en Maartje en Uilke en Gepke

p.s. mei tank oan DE BOEIER foar it brûken fa de waarmhâld panne.