Piter Wilkens mei De Fleanende Hollanner

25 januari 2011

in Evenementen

Post image for Piter Wilkens mei De Fleanende Hollanner

26 febrewaris yn It Heechhus

Sûnt Piter Wilkens yn 1979 as bassist yn de punkrockeftige groep Okke Hel begûn, is de sjonger/lietskriuwer net mear fuort te tinken út de Fryske muzykwrâld. Ferline jier krige de Fryske trûbadoer de ‘Bernlef priis’. De wichstichste muzykpriis fan de Provinsje Fryslân waard him oerlange troch deputearre fan kultuer, Jannewietske de Vries. Sy neamde him dêrby ‘De stim fan Fryslân’.
Op sneon 26 febrewaris treedt Piter Wilkens yn It Heechhús op, dêrby begelieden troch bassist Willo de Bildt en jûn akoestysk gitarist Rik Meijer. Ek seker de minsten net. Yn dizze dus akoestyske besetting sil Piter de harkers meinimme troch de lieten út syn mânske repertoire. Yn de rin fan de jierren kamen der mar leafst tsien albums ûnder syn namme út. De timmermantsjoender hâldt net fan stilsitten.

Wat sûnder mis net ûntbrekke sil binne nûmers ôfkomstich fan syn tige suksesfolle CD ‘De Fleanende Hollanner’. Dizze CD kin in masterwurk neamd wurde mei bewurkingen en oersettings fan it wurk fan Cornelis Vreeswijk. Yn 2006 brocht Piter al in CD mei wurk fan Vreeswijk út en ek dizze koe rekkenje op in waarm ûnthaal.

Nei’t ‘De Fleanende Hollanner’ yn juny 2010 útkaam hat Piter Wilkens in pear kear te gast west op Radio 1 en 2 en in stikmannich nûmers steane ek op de spyllisten fan de nasjonale stjoerders. By NPS Kunststof Radio wie hy in oere it muzikale mulpunt en RTV Noord makke ‘De Fleanende Hollander’ de CD fan de wike. En dát op in Grinzer stjoerder.

Piter Wilkens

Mar ek by Omrop Fryslân is hy regelmjittich te hearren en binne moaie reportaazjes en konsertregistraasjes fan him te sjen.

De kommende moannen sille de mannen mei it folsleine ‘De Fleanende Hollanner’ programma by de teaters lâns. It publyk yn Heech stiet lykwols in fraaie dwerstrochsnee fan Piter Wilkens syn hiele oeuvre te wachtsjen, ûnderstipe troch de renommearre muzikanten Willo de Bildt en Rik Meijer. De tagong dizze jûn is 12,50 euro en it konsert begjint om 20.30 oere.

Kaarten 0515-442593
www.itheechhus.nl