Aakskipper Reinder de Vreeze sloech oer board

6 april 2011

in Overig nieuws

Neiskrift ”Three Vagabonds in Friesland … .”

Yn ’e lêste Sylboade hie ik in artikel oer it boek ’Three vagabonds in Friesland with a yacht & a camera’ (1907) omdat dêr û.o. Heech en de ielaken yn neamd waarden. De skriuwer H.F. Tomalin fertelde op side 214 fan syn boek dat in aakskipper op ’e Noardsee oer board sloech en rêden waard. Dy aakskipper wie de skipper fan de boeier Marie dêr’t Tomalin en syn beide maten yn mei sylden oer de Fryske marren en fearten. De namme fan ’e skipper waard net neamd, mar ik bin der wis fan dat it Reinder de Vreeze út Starum wie. [Sjoch hjirûnder in foto (± 1898) fan De Vreeze mei syn hûntsje.]

In lêzer fan myn lêste artikel (De Sylboade, maart 2011, side 7/8) hat my frege wat der no krekt yn dat Ingelske boek stie oer dy ûnfrijwillige dûk yn ’e kâlde Noardsee?

Hjirûnder de oersetting fan dat stikje sa’t Tomalin him dat by’t skriuwen noch heugde:

Reinder de Vreeze

’Hy (Reinder de Vreeze) fertelde ús oer syn reizen op see mei de ’eelschuyts’, yn ’t bysûnder tusken Starum en Londen. It is net maklik jin in foarstelling te meitsjen fan dy lytse boaten (ielaken) op ’e Noardsee dy’t de skriklikste stoarmen treast wêze moasten. Is it wolris op it nipperke goed gien? fregen wy oan de skipper. Ja, doe’t se ien nacht ferwidere wiene fan Yarmouth is hy yn in febrewaris-stoarm ris oer board slein en dêrop folge op it nipperke in wûnderlike (miraculously) rêding. Midden yn ’e winter, mei grouwe klean en swiere learzens oan, is it gefjocht tsjin in woeste see in ûnoangenaam aventoer. Mar wat sei de âld-skipper der efteroan? Och, it stelde ek wer net safolle foar, hear … .’

Ik koe dit ferhaal al. Yn 2008 fertelde Auke Meinderts de Groot (1918) út Starum it my. Reinder de Vreeze (1852-1940) wie in broer fan Aukes beppe. It bysûndere ferhaal is yn de famylje hingjen bleaun en wurdt noch altyd fierder ferteld. As men it ferhaal hjirûnder lêst dan krijt men suver it gefoel dat de skiednis it ferhaal moaier en moaier makke hat, mar it kin ek wol wêze dat it echt sa gien is. Foar it boek ’Korneliske Ykes II, van bestek tot varen. Van oude zeevaart tot moderne charter.’ haw ik yn 2009 dizze histoarje sa beskreaun:

’Ek in broer fan Aukes beppe, Reinder de Vreeze (1852-1940) út Hylpen en letter te Starum, fear op in ielaak. Foar it kantoar Heech fan ’e Fa. W. en A. Visser Zn. wie hy earst fiif jier stjoerman (1876-1881) en dêrnei op it selde skip, de Vriesland, njoggentjin jier skipper (1881-1900). Nei de stringe winter fan 1900 hâlde hy der mei op. In pear jier letter, yn 1905, waard it skip (sechstich ton) sloopt.

Fan skipper De Vreeze wurdt ferteld dat hy in kear by rûch waar op folle see oer board sloech. Hy raasde: ”Troch de wyn en alle touwen oer board.” Stjoerman Lieuwe Albertsma út Heech kearde daliks it skip. De rêdingsaksje slagge treflik: mei uterste ynspanning hawwe de stjoerman en de kok harren skipper oan board hyst. It ienige dat de letterlik en figuerlike iiskâlde De Vreeze as earste nei syn rêding rôp, wie: ”Omkeare dat skip, dêr leit Londen!” ’

Oant safier de bjusterbaarlike rêding fan in aakskipper. Tsjin dizze histoarje mei goede ôfrin oer steane lykwols ek ferhalen dêr’t de ûnfertúnlike skippers by omkamen. It tal slachtoffers troch de tiid hinne is lykwols net grut want de ielaken wiene o sa stabyl.

Heech, maart 2011 Willem O. Santema