Foto 250 (1980/81) – Kristlike skoalle, Heech

4 mei 2011

in Foto's, Wa wit wa't wa is?

Lyts persoanlik jubileum: de 250e Alde Foto. Oant 1985 ta (al wer 26 jier ferlyn) prate wy oer de legere skoalle en net oer groep 8 mar oer de 6e klasse. Hjir in lokaal fol, sa as yn dy jierren faker it gefal wie. Tige spitich dat Theresa van der Molen net op ’e foto stiet.

By âlde foto 247: Op nûmer 1 stiet Annie en op nûmer 15 har suske Tryntsje Y. Winia

Nije âlde groepsfoto’s út Heech graach opstjoere nei Willem O. Santema. Telefoan 442909.