Oanrin fan Jehova’s Getuigen

4 mei 2011

in Verhalen

It is sneontemoarn en it is suterich waar. Der wurdt oanskille. Der steane twa manlju op ‘e stoepe. De iene is in fyftiger, foars postuur, kreas yn ‘e klean, taske ûnder de earm. Syn maat is in hiel stik jonger, like kreas kleid, mar sûnder taske. Hja seagen de fryske flagge hingjen. Dêr soene wol minsken thús wêze,tochten hja. Oft se wol hiel efkes in pear dingen sizze meie. Dat meie se. Hja komme út namme fan de Jehova’s Getuigen en hja wolle ús goed nijs bringe. Nammentlik – hoe mâl de wrâld der ek útsjocht – en soe men net gek wurde fan alle rare berjochten út die wrâld!? – wy hoege net benaud te wêzen, want Jehova lit ús der net allinne mei omdweilen, mar Hy dweilt mei ús mei. Dêr komt it yn ’t koart harren boadskip op del.

Kofje

De wyn stiet op ‘e doar en tusken it ferhaal fan ‘e âldste troch stowt de fine rein nei binnen. De manlju moatte mar efkes mei nei binnen komme. Nee, hja ha noch gjin kofje hawn, mar hja wolle bêst in bakje meidrinke. De jassen dogge se efkes út. Hja nimme plak op de stuollen. Us hûn Laska is út syn hoekje oerein kaam. Hja rint wat om de manlju hinne en snuffelt oan harren klean. Hja aaie har oer ‘e kop. Jawis, it is in bêste hûn, dat sjogge se sa wol. Hja fine dat wy hjir in moai plakje ha, sa ticht by it wetter. Sjongejonge, wenje wy hjir al sa lang  en hja hawwe ús hjir noch nea oantroffen… Sels komme de mânlju út Snits. Nee, gjin heit en soan. Hja binne yn ‘e wykeinen meastal foar Jehova op paed. De sneontemiddei prebearje se as it mooglik is fry te hâlden, want dan moatte se fuotbalje – de âldste as skiedsrjochter, syn maat as fuotballer. De âldste fan ‘e twa is troud mei in Snitser famke. Hja is sels gjin getuige mar hja stiet der absolút net fijannich tsjinoer. Dat soe ek net oars kinne want hy is der ek yn ‘e wyke tige drok mei. Nee, hy fynt dat gjin inkeld probleem en syn frou lokkich ek net. It giet him der fral om dat de minsken hearre sille dat der mear is dan tillefysje en fermaak en sport en sa. Hy fielt it as syn opdracht om it minskdom dúdlik te meitsjen dat lang om let Jehova syn ferhoalen Keninkryk festigje sil op ierde en dan moat eltsenien klear stean om dêr oan mei te dwaan.

Sterk

Ja, nee, hy sil syn kofje net ferjitte op te drinken – dat soe sûnde wêze. Syn jongere maat nimt it efkes fan him oer. Hy sit yn Ljouwert op ‘e HTS. Hy komt út in echte Jehova’s húshâlding – heit, mem, twa broers – allegearre getuigen. Syn pake wie al getuige yn ‘e twadde wrâldkriich. Oer die twadde wrâldkriich – dêr kin er noch sterke staaltsjes oer fertelle. De dútske soldaten bygelyks moasten niks fan ’e Jehova’s getuigen ha – sterker noch: hja sieten se fûleindich efternei. As syn pake mei in maat by de húzen langs gie hie hy allinne syn bibel by him en fral gjin lektuur fan it Wachttorengenootschap. Allinne as minsken toanden der belangstelling foar te hawwen waard it letter stikem neibrocht. Sa wit er fan syn pake ek noch te fertellen hoe of yn die tiiden de leden fan it genootschap  yn partikuliere wenningen byinoar kamen. De sitplakkken bestiene út gewoane hússtuollen mei der oerhinne in planke fan ‘e iene nei de oare stoel. Sa koene der mear minsken sitte. Letter hat it Genootschap in offisjeel gebou krigen.

Warber

De âldste hat syn kofje op en nimt it no wer oer. Hy wol net brutaal wêze mar hoe steane wy tsjinoer harren boadskip? Kinne wy ús fine yn harren oprop om ‘de keizer te jaan wer ’t hy rjocht op hat en Jehova wat Jehova takomt’? Wy sizze dat wy beide mânlju oant no ta goed en mei meistimmen folgje kinne. Wat hja fertelle oer en út ‘e bibel is wol werkenber. Einlik ha wy wol respekt foar harren warberens en flyt foar harren Genootschap. Mar fierder moatte wy sizze dat ek Heech in warber tsjerklik libben hat wer ’t wy foarsafier ’t mooglik is oan mei dogge. Miskien meie wy de manlju wol útnoegje om in kear mei te gean nei tsjerke? Die joun hat pastor Jellema yn ‘e roomske tsjerke de lieding en de oare moarns giet yn ‘e Haghatsjerke dominy Emke Jelmer Keulen foar. In pear heldere jonges die ’t ek goed mei de jongerein oerwei kinne

De manlju sjogge wat noedlik. Hja binne winliken beide op die tiiden beset. Mar de útnoeging sels stelle hja tige op prys. Hja wolle net efter bliuwe: mochten wy belangstelling ha foar mear informaasje oer de Jehova’s Getuigen dan is dat hiel wol mooglik – wy kinnen by harren thús terjochte, mar hja wolle ek mei nocht werom komme. Wy bedankje derfoar – oant safier is ‘t goed west. Hjir moatte wy it foarearst mar by hâlde. De manlju binne fatsoenlik. Hja sette de kopkes op tafel en geane stean.

Rein

Bûten is ’t noch hyltiten griis. De rein strymt tsjin de finsters. De manlju lûke harren jassen oan. Hja bedankje ús tige. Dit meitsje hja net sa faak mei, meastal bliuwt it by it oerlangjen fan in blêdsje. Oja, no ’t it dêroer giet – hy kin it net litte – út syn aktentaske djippet er in Wachttoren op, dat is in blêdsje op fan it lanlik Genootschap. Hy jouwt it oan ‘e frou. Der stiet ûnder oaren in artikel yn oer ‘Het goede gezin’, in hiel goed artikel. De frou sil dat grif mei wille lêze. Wy krije beide in hân en noch ien. Dan reizgje se ôf. Laska komt oerein en rekt har ût. Hja sjocht nei bûten, mar net foar lang. Hja hat it wol sjoen. Se krûpt wer moai yn ‘e koer.

Symon van der Meer,
’t Eilân 17

Neiskrift

Yn ‘e  twadde helft fan ‘e foariche ieuw libbe der in man yn Nederlân, die ’t yn syn goeie jierren in greate ynfloed hawn hat op it tsjerklik libben: dr. Feitze Boerwinkel, direkteur fan it herfoarme instituut ‘Kerk en Wereld’ yn Driebergen. Dizze man hat in protte war dien om de skerpe tsjinstelling, die ’t fral yn ‘e nei-oarlochse jierren bestie tusken de tsjerken en de Jehova’s getuigen, út ‘e wei te romjen. Hy wie fan miening dat Jehova’s Getuigen de ‘onbetaalde rekeningen’ fan ‘e tsjerken foar harren rekken nommen hiene. Hy tocht derby oan ‘ e  hunkering fan ‘e J.G. nei it fisjoen fan in nije ierde, ‘wêr ‘t de bergen frede drage en de heuvels hillich rjocht’. Oan harren ûnderlinge mienskip yn it gewoane, deistige libben. Oan harren folsleine ynset foar de ferkûndiging fan ‘e Wierheid. Oan harren krityske distânsje ta de wrâld en de oerheid. Oan al die punten skonken de tsjerken nei de miening fan dr. Boerwinkel grif yn die jierren net foldwaande omtinken en soene hja fan ‘e Jehova’s Getuigen leare kinne. Dêrom krije harren fertsjinwurdigers by ús op syn minst in stuol en in kopke kofje.