Alde foto’s & wa wit wa’t wa is?

8 juni 2011

in Wa wit wa't wa is?

Begraffenisferiening ’De laatste eer’

Foto 251 (1954) – Begraffenisferiening ’De laatste eer’, Heech

  1. Sjirk van der Schaaf
  2. Klaas Zijlstra
  3. Rein Portiek
  4. Bouke de Jong
  5. Reitse van der Werf (boade)
  6. Pieter de Kroon
  7. Pieter van der Werf (heit fan 5)
  8. Theunis Arema
  9. Jacob van der Pol

Pas yn 1938 is ’De laatste eer’ oprjochte. Dêrfoar wie it in saak fan buorreplicht. Yn 1964 wurdt der fusearre mei de begraffenisferiening Oasingahuzen. Kas en materiaal geane oer nei Heech. Yn 1944 besiket de besetter it behear oer de feriening yn hannen te krijen (it is de besetter te rêden om de ledelisten en de kas). It slagge de fijân net, de feriening ’dûkte nammentlik ûnder’ en gie temûk troch mei har wurk. (Heech en de Hegemers, s. 156.) Sûnt koart witte wy dat boppesteande unike foto – ienichst yn syn soart – yn 1954 makke is troch wettertoerist Jan Stuurman út Zaandijk. Syn soan Kees Stuurman út Medemblik naam okkerdeis kontakt mei ús op en fertelde derby in hiel ferhaal. Jo fine dat op beide siden hjirnei. In nijsgjirrich stik foar alle fotosamlers yn Heech en fansels foar ús lêzers.

Nije âlde groepsfoto’s út Heech graach opstjoere nei Willem O. Santema. Telef. 442909.