Koart Petear

8 juni 2011

in Verhalen

Oan ‘e steger fan Foekema’s Watersportbedrijf leit in moai houten boatsje. In boatsje kin men it einliks net neame: it is in royale sloep, in meter as seis, sân lang, prachtig yn ‘e lak, men kin er jins hier yn útkjimme. Yn en oan ‘e boat sit ûnderskate goudkleuriche apparatuer. De ljochtbrúne kape is werom slein. De sinne skynt je temjitte yn it glânzjende dek. Oan board sitte treie froulju en twa manlju. De kaptein is efkes fan board stapt foar in boadskip. It folk is drok yn petear. De hiele steger kin meilústerje as er wol.

“…op in stuit sjoch ik myn frou mei in ôfgryslike lampekape de winkel útkommen, in toeter fan seker in meter trochsnee! Ik sis: Sally, wat sille wy no belibje… dat ding hoecht dochs net mei hè, Sally, dat kring nim ik echt net mei yn myn auto!… Mar jim kenne Sally – heden minske, nee, mar dit wie sa’n bysûndere lampe, die skynde sa moai en sa breed en sa sêft, nee, die koe se net stean litte, die moast mei…” Hy nimt in slok wetter út in plestiken fleske en faget syn lippen skjin mei de rêch fan syn hân.

De frou tsjinoer him makket der gebrúk fan. “…ik soe noch fertelle hoe as it ôfrûn is mei dy reis nei Peru. No, dat wolle jim net wite: dat begûn mei in fertraging fan in heale dei, op syn minst, en doe nochris de reis sels… ik tink dat wy wol mear as in dei yn it fleantúch sitten ha – ynstappe yn Amsterdam, oerstappe yn Ingelân, oerstappe yn New York… wat moasten wy einliks yn New York, Harry, der hiene wy doch neat te meitsjen? No ja, toe mar, doe nochris in pear kear oerstappe… Wolst wol leauwe: ik hie myn nocht al ôf fan dat ferrekte Peru noch foardat wy der wiene. Ik tocht: jimme mei jim stomme Inka’s, forget it…!”

De man fan ‘e lampekape freget har om it pakje rookwaar dat nêst har leit. “…Efkes in nij sigaarke opstekke”, seit er, ”dizze is sa lek as in gatsjepanne…” Hy hoaset in pear kear flink en smyt it lekke sigaarke yn ’t wetter. “Ik sûgje my de longen bykâns út it liif… thanks!”

Wylst er syn rokerke oanstekt draeit syn maat him nei de Peru-reisgster en freget har of ’t hja wolris oer Afrika flein hat. Foardat hja antwurd jaen kin flucht hy sels al oer it swarte continent. “…Wy sitte mei in man as tweintich yn in ridlik lyts fleantúch. It is oerdeis en normaal kinne jo de wrâld ûnder jo sjen, mar it is op dat stuit sa tsjuster as de nacht. Ik sit foaroan, yn ‘e business class, en ik kin troch it gerdyntsje yn ‘e cockpit sjen. Der sitte de piloaten inoar mei taknypte billen oan te sjen. It tongert bûten ôfgryslik. Potferdorie, it fjûr is echt net fan ‘e loft…”

No komt de man fan ‘e lampekape oerein: “…krekt sok min waar, mar dan sûnder ûnwar, dat wie it ek op die dei dat Sally mei har lampe nei bûten kaam. Ik sis noch sa mei klam: Sally, lit dat ding dochs yn ‘e winkel, mar nee dus. En silst it net leauwe mar op datselde stuit komt er in wynflaach, en echt net sa’n heal flaachje! Dy skuort Sally de lampe út ‘e hânnen en dy blaast it ding dwers oer de dyk, oer de hikke, de lândereien yn! Ik wist doe net oft ik der om laitsje moast of janke, want rekkenje mar dat it net in goedkeape lampe wie!… En wy soe der foar de skea opdraaie… ik seach de bui al hingjen…”

“Ik fyn dat Peter lang weibliuwt”, ûnderbrekt syn blonde buorfrou him. “Wêr moat er hielendal hinne?” De lampekape-man lit him it wurd net ûntnimme. “…Ik seach de bui al hingjen, want Sally docht gjin heal wurk. Die hat him fansels daliks betelle…” “Hoe lang is er no al fuort?!” hâldt de blonde buorfrou oan, “foar myn gefoel lizze wy hjir al hast in healoere te wachtsjen…”

De Peru-reisgster: “Ik ha doe tsjin Harry sein: dit is ien kear mar nea wer, never-nea!”
“Ja, dat kinst hjir op ‘e grûn moai sizze”, falt de Afrika-man yn, “mar do silst mar yn in fleantúch sitte! Die kiste slingert hin en wer as wie ’t sa ’n bakje op ‘e merke. Ik tink: hy dondert direkt nei ûnderen. Ik sjoch al om my hinne wêr’t jo der yn sa ’n gefal op syn gaust útkomme kinne…” De blonde buorfrou wurdt it no mienens: “As Peter net gau werom komt dan fertrekke wy sûnder Peter!”

“Dus, ik sis tsjin Sally: wat hast betelle foar die spooklampe? En wat seit Sally? Jou my dyn paske eefkes, Gerard, hy is noch net betelle… Ik wit net krekt mear wat ik doe sein haw mar it wie net folle moais. Kinst dy foarstelle: it giet om in lampe fan goed trije hûndert euroos, der mei dochs wol eerst efkes oer hin en wer sprutsen wurde…”

It Peru-frommiske falt no har buorfrou by: “Peter bliuwt wol ferrekte lang wei. Wer kin men hjir yn Heech no sa lang omspane? Hat er syn mobieltsje meinommen? Ja? No, dan kinst him dochs oproppe?…”

Mar no giet it de lampekape-man te fier. “Binne jim hielendal besoademietere… Die jonge is krekt fuort, ja, mei er eefkes?! Der wurdt hjir gjin minske oprôppen, en Peter al hielendal net!” De froulju binne der eefkes stil fan, mar dan barste hja beiden los. “No moast dochs ophâlde, no moast dy echt hiel gau stilhâlde, Gerard! Wa moasten der sa nedich nei Heech ta… wiene wy dat of wiene jimme dat!? Ja, sis it mar earlik… Wy lizze hjir no seker al in healoere te… te… ruoaskjen, as it net langer is…”
Mar Gerard lit him net it swijen oplizze.
“Minske, meitsje der dochs net sa ’n drokte om… hâld dy dochs wat bedaard…”

De Afrika-man rûkt syn kâns en seit: “…wy meitsje ynienen in mes-skerpe bocht en wat tinkst dat er gebeurt?! Fan it iene op it oare momint fleane wy yn it moaiste waar fan ‘e wrâld… strieljende sinne, heldere loft, en efter ús in roettsjustere lucht! Minsken noch ta, ik ha my noch nea sa fleurich field… as wie ‘k út ‘e dea opstien, sa ‘n gefoel hie ‘k, kinst dat neifiele…?”

Oer de steger komt in jongfeint oanstappen, flink postuur,stevige trêd. Peter grif.
Hy stoppet by de sloep en stapt oan board. “Asjeblieft, of ik dat net eefkes fluch ôfwurke ha!” seit er. “Dat hiest my net ferbetterje kind, Gerard!” It folk yn ‘e boat is efkes ferslein. Hy sjocht om him hinne. “Wat tinke jimme… sille wy farre, ja? Oké, dan stekke wy no fan wâl!” Hy draeit oan it kaaike fan ‘e motor. Der klinkt in rêstich brommen.
Linen wurde losmakke en de boat skowt foarút. Foar it Sypke draeit de sloep en dan, wylst de motor hurder begjint te rinnen, ferdwynt it selskip om de Pharshoeke, de kant fan Wâldsein út.

Wat er mei de lampekape van Gerard en Sally fierder bard is en hoe oft de reis nei Peru ôfrûn is – wy sille it nea mear te witten komme – never-nea!

Symon van der Meer
It Eilân 17