Alde foto’s en wa wit wa’t wa is?

6 juli 2011

in Foto's, Wa wit wa't wa is?

Personiel en learkrêften Herfoarme skoalle, Heech

Foto 252 (1922) – Personiel en learkrêften Herfoarme skoalle, Heech

De Sylboade, july/augustus 2011

  1. Master W.W.Nauta 6.Pieter v.d.Bank, skathâlder
  2. Tsjaltsje Plantinga, hantw.jfr. 7.Michiel H.de Jong, skr.
  3. H.f.sk. W.Gaastra 8.Ds.O.W.C.v.d.Veen, foars.
  4. Atsje de Jong, hantw.jfr. 9.Jan van Berkum, bestj.lid
  5. Master S.Hiemstra 10.Keimpe Hannema, bestj.lid

De Herfoarme skoalle is yn 1916 boud tusken de Harinxmastrjitte en It Singeltsje op it plak dêr’t no de nije wenning Wetter en Wyn fan ’e famylje Van Brug stiet. Yn 1921 is der fanwege grutte tarin fan learlingen in tredde lokaal oanboud (hjir krekt klear). De foto is makke yn 1922. Wêrom doe? Wol, master W.W. Nauta, ôfkomstich út De Hommerts, is hjir beneamd op 16 maaie 1922 en de foarsitter ds. O.W.C. van der Veen (1918-1922) giet yn dat jier fuort. Beide steane se op dizze foto. It kin net misse dus: 1922.

Yn 1915 kaam hûs en tún fan A.B. Visser te keap. Op 1 febrewaris 1916 is it keapkontrakt mei de nije skoalferiening sluten. Yn ’e eftertún fan ’e wenning wurdt de skoalle boud, dy’t start mei 83 bern. Om tagong te krijen ta de skoalle wurdt de helte fan de lúkse Visser-wente ôfbrutsen. (Oan alles noch dúdlik te sjen!) Wat stean bliuwt, wurdt de wenning fan it skoallehaad, master E.v.d. Schoot út Apeldoorn. Hy is yn Heech fan 1916 oant 1921. Opfolger is master W. Gaastra. De foto is út eigen argyf.

Nije âlde groepsfoto’s (oant ± 1990 ta) graach útliene oan W.O. Santema. Tel 442909.