Mei Jezus yn ‘e tinte

7 september 2011

in Verhalen

” Mem, wy moatte sels stuollen meinimme!” ropt in jonkje tsjin syn mem. It is op de snein nei de Findeliersdagen. Hy set syn fyts tsjin ‘e hikke en rint no mei syn mem nei de feesttinte. Der fytse harren in pear minsken foarby mei in stoel efterop. “As dat sa is”, seit de mem, “dan bedank ik foar de eare. Ik wol net in ûre lang yn ‘e tinte stean…” Mar se hoeft har gjin soargen te meitsjen: as hja troch de flap fan ‘e feesttinte rinne sjogge se wol in pear hûndert klapstuoltsjes stean. Fierút de measten binnen ek al beset: manljue, frouljue, bêrn – alles trochinoar. Foaryn stiet Venema rjochtop efter in oargeltsje te spyljen. Njonken it oargeltsje sit in hânfol minsken mei alderhanne muzykinstruminten, klear om los te brânnen. Om klokslach tsien ûre begjint de fiering.

Wolkom!

Pastor Jellema hat dan krekt syn jaske omruile foar in wite jas dy ’t hast fan syn hals oant oer syn skuonnen rikket. Foarich jier wie hy op dizze dei mei fekânsje. Doe wie dominy Emke Jelmer Keulen fan ‘e protestânske tsjerke de foargonger. Dit jier is de dominy mei fekânsje yn Meksiko en is pastor Jellema oan bod. It wurd dus in tsjinst mei in ‘katholiek ondertoontje’, sa ’t er dat neamt, mar der fernimme jo net folle fan. Rein Leenstra fan ‘e tintfieringkommisje hiet de minsken wolkom. Hy bedanket op foarhân de blazers en de oargelist en de stuolle-minsken. En wa ’t strakjes lêst kriget fan syn wetter of sa die kin efter yn ‘e tinte terjocht. Dat is it begroetsjen. No kin de tsjinst echt begjinne. Pastor Jellema tilt syn hânnen op – nei boppen ta en nei de minsken yn ‘e tinte. Dit is dochs in oare gearkomst as die fan ôfrûne freed mei Teake van der Meer. En dan set de muzyk útein, tegearre mei de gasten. It knalt de tinte út: ‘Alles wat adem heeft love de Heer!’

Iepen en frij

Vronie van der Pol lêst in stikje foar fan de âlde dichter-skriuwer Phil Bosman. ‘Doch it lykwols kalmoan as jo fekânsje hâlde. Sykje de rêst net al te fier wei. Meitsje moaie dagen. Ferwûnderje jo as in bêrn oer it ljocht, oer de sinne, oer de leafde, oer it libben…’ Vronie sil fierderop yn ‘e tsjinst ek noch in treflik ferhaal fertelle oer in keppel jongeljue dy ’t yn Belarus (Wyt-Ruslân) twa wiken lang holpen ha om de wrâld dêr in bytsje minskliker oansjen te jaan. Tusken de bedriuwen troch spilet Homme Bakker mei syn blazers en mei de minsken yn ‘e tinte de stjêrren fan ‘e himel. Ferskes fan Jehannes de Heer en fan Huub Oosterhuis daverje de tinte út, oer it doarp en oer de mar. Urbi et orbi! Rinske de Jager lêst in episteltsje foar ût ‘e bibel, oer Jezus dy ‘t syn learlingen op reis stjoert en harren seit niks ekstraas mei te nimmen foar ûnderweis.

De pastor ferwyst yn syn preekje ûnder mear nei die wurden fan Jezus: Nim net fan alles mei as jim op reis gean. Lit dan die sek mei ierappels en die doaze fol boadskippen mar yn Heech stean. Besykje op jimme reis as it kin kontakt te lizzen mei minsken ûnderweis. Praat mei harren, besykje iepen te stean foar wat nij en wat frjemd en wat goed is… It wurd fekânsje hat neffens Jellema te meitsjen mei it Latynske wurd vacare en dat besjut frij wêze, en dat hat wer te meitsjen mei iepen stean foar God en foar syn inspiraasje. No ja, dêr kaam it neistenby wol op del.

Ta beslût

It is tsjin âlven as de tsjinst nei ‘t ein rint. Mar earst moat er noch jild ynsamle wurde, foar de ûnkosten en fral foar de Stichting Hart en Zeil út Snits. Dizze Stichting organisearret in fantastysk wykein foar bêrn mei in hertôfwiking, dy ’t er hast nea op út kinne. De knip moat dus iepen want: ‘Handen heb je om te geven – van je eigen overvloed…’ Oan ’t ein jowt Rein Leenstra de minsken noch in moai betinken mei ta beslút: ‘Harkje yn ‘e fekânsje nei it rûzjen fan ‘e wyn, nei de fûgels yn ‘e beammen, nei it freegjen fan in bêrn. Sjoch nei it weagjen fan ‘e golven, nei de sinne as er ûndergiet. Op ‘e hege bergen en ûnder yn ‘e djippe delte – oeral komme jo God tsjin. Meitsje yn al jo frije dagen in skofke frij foar Him…’ En hielendal oan ’t ein fan ‘e tsjinst is der in jonkje dat hurdop bidt foar de minsken dy ’t gast binne yn Heech: “Litte Jo harren genietsje fan alle moaie dingen…” En wa ’t seit dat sok praat neat om de hakken hat dy sit er moai nêst: de oare deis brekt de sinne strieljend los oer Heech.

Symon van der Meer It Eilân 17