Skouster Oldtimerdei

7 december 2011

in Evenementen

Bij in strielende sinne en in noadeast wyntsje is us dei tigeslagge

It thema dit jier is Volvo B.M

Lit us earst in stikje skiednis fortelle: Yn 1832 stichtte J.F. Munktell in fabrykje foar productie fan lânbouwmachines Yn 1848 waard de eerst locomotief ontworpen en net lang dernei de teskmachine Yn 1913 forskynde de eerste trekker : in prairie trekker mei in formogen .30-40 pk bij 550 toeren en in gewicht fan 8300 kg. Yn 1890 waarden de 2 cilinder gloeikop moter ontwikkele foar houtzaagmachines. Bolinder Munktell hat tot 1953 gloeikop motoren en trekkers boud Yn 1947 kamen de types BM 10, 20 en 21 dat wiene lichte trekkers.

Letter de types :T 41,T 42 en T 43 . Brandstof wie houtgas . De oorlog makke in tokoart oan diesel en petrolium. Yn 1950 kamen de eerste dieseltrekkers , ek yn dat jier kamen de eerste dieseltrekkers en waard Bolinder Munktell opnommen yn it Volvo concern. De trekkers waarden bout yn Eskilstuna (Zweden) Yn 1952 wie de tiid kommen om de âlde gloeikop motoren ôftedankjen.

BM Volvo pakte de saken grut oan, de nije trekkers waarden forsjoen fan directe ynspuiting. De diesel motoren krigen in flotte start yn de Zweedse kjeld. Yn 1960 wurd it Volvo BM Valmet in gewoan Valtra yn Eskilstuna wurde allang gjin trekkers meer bout, de productie is oerhevele nei Finlan . Tsjinwurdich wurde Massy Fergusons mei Valmet motoren bout.

Dit wie in it koart in oersjoch fan Volvo BM.

Sa om 9 ûre hine wurde de eerste trekkers en statinairemotoren oanfierd, en steane allgeare mooi op,e rigele De flaggen fan de sponsoren wapperje yn,e loft. Om 10 ûre wurd officieel dizze Oldtimer show iepene troch Herre van der Meer. Elk kin kofje en koeke krije, foar de bern is der ek genôch, snoep, drinken en it luchtkessen de pony”s en de skelters. De bezoekers begjinne al aardich to kommen en it mooie waar docht der in soad oan ta.

We begjinne mei de flessetrekkerij, it wurd eerst forsichtich dien ,mar langzaam oan krije hja der tige nocht oan, ek Herre kin it mooi oanelkoar prate. It falt echt net mei om de flessen der heelhuds trochhinne to luken. Om 1 ûre begjint de rûnrit troch Heech. Johannes Reitsma foarop, en wit de hiele colonne troch Heech hinne to loadsen.

Ek ús toerwein ryd de hiele dei ôf en oan, der is genôch belangstelling om in rit mei to dwaen. Leo en Feiko swarchje der foar om dit soepel forrinne to litten.

ek de triekraan fan De Vreeze is drok dwaande om in bult sân to forsetten, altied wer mooi om to sjen hoe it froeger tagong , ek de demonstraasje fan it hekkeljen., dat sa”n machine úttocht wurde koe is in wunder. Sa ha wij ek sjen kinnen de greate skeepsmotor ut Drylst. men sjocht de klepstoaters hin en wer gean ,die motor is heal iepen helle en elk kin it sjen.

De Snitser stoomtrein maatschapij ried syn rûntsjes mei al syn locomotievenen en wagons, it is hiel fornuftich om al dat materiaal ridende to halden,it moat hieltiid fan olje en brânstof forsjoen wurde. Om 3 ûre begjint de kleppen dekselrace De raceweinen wurde eerst woegen ,sa dat se net teswier of tolicht binne,dan kinne se mei dwaan. Yn de race blykt dat se net altiid stabiel binne en slane se oer de kop mei alle gevolgen derbij en forlieze se soms hun tsjillen . Mar spektakulair is it wol.

Dan hawwe wij de wenweinen, die elk jier bij ús fortsjintwurdiche binne . As wij der nei binnen ta sjogge , hoe mooi de gerdynen, it houtsnijwurk,it porselein en it glês yn lead makke is en it mooie meubilair, de froulju mei har mooie jurken ,dan tink ik :Dit hat in roemryk forleden hawn. Sa hat ek de muziek fan de Pudelukers der ta bijdroegen dat de stemming der goed yn sit. De woaste keapmam die goede saken, der waard allinnich bij tsienen tagelyk forkocht.

Fjirder sjogge wij de miniaturen mei in great forskaat oan modellen en en trekkers mei harren wurktugen, fan ploegen, mengmestweinen, harken , meanmachines, persen lyts en great en noch folle mear. Yn de kraam mei klompen en klean is foar elts wol wat to finen. Om 5 ûre is it feest dien en in elk pakt yn en giet fuort mei in herinnering ,in faantsje fan 2011

Wij sizze dan ek oan alle sponsers en vrijwilligers dy dit feest mogelijk makke hawwe:

Oant takomme jier!

Pieter de Boer