Hy wie in geboaren Heegemer

20 februari 2012

in Verhalen

It wie yn de njochentiger jierren fan de foarige ieu.

Yn de Bûterhoeke wie ik dwaande mei bûtenomhimmeljen. Wilens kaam hy út de wiide steech op syn fiets, hy wenne om útens, mar kaam gau ris nei syn berteplak wert syn ferline lei. Hy hie skynber behoefte oan in praatsje, en stoppe efkes by my. Ik merkte doe op dat hy in geboaren Heegemer wie.Och ja sei hy dat meist wol sizze, hjir bin ik opgroeid hjir wiene myn jonge jierren, en we hellen ek wol’s in fyt út sei hy. Hy gie der by op de pakjedrager fan syn fyts sitten en smookte , en hy fertelde dat sy in kear op in jûn in fyn touwtsje oan de lûkbelle fan de boppemaster yn de Haadstritte knoopten, en it oare ein fan dat touw oer de dyk oan de lûkbelle fan de pastoor. Op ôfstân fan út de wiide steeg seachen wie dat in fytser it touwtsje ûnder it spatskerm krige, it touwtsje knapte, mar it hie syn wurk wol dien, master en de pastoor stiene allekanten út te sjen, en hiene niget oan it touwtsje dat waard los knoope.

Nei de skoalle kaam ik by de gemeentereiniging te wurkjen, en moast ik meihelpe de folle húsketonnen te ferwikseljen tsjin in leege , mei pream en hânkarre, sadwaande wist ik elke steeg stoepe en doar yn Heeg.

Sa gie ik in kear op Snein mei in freon nei tsjerke, ( de mannebanken stiene doe noch by de muorre lâns ) wij sieten by de muorre yn san bank. De preek boeide ús net, en wy seinen wy kinne hjir wol efkes smoke, sa hiene wy els in heale sigarét oan, en we sieten djip yn de bank dûkt. Mar de dominy seach de riik boppe de bank, en waskôge de koster. Dy kaam nei ús en seach my der foar oan, en hy lûkte my út de bank, mar ik sei ho even ik moat myn klompen almei ha.

Foar in feekeapman die ik wolris in karweike. Sa moast ik foar him in kalkoen helje by in boer yn Abegea. De keapman kaam wolris yn ‘S Landswelvaren, en ik socht him der op. De kalkoen yn in sek liet ik efter op it strjitsje efter it kafé, en kaam by de keapman oan de rûne tafel. De keapman sei wer hast de kalkoen, ik wol ha dast him hjir op’e tafel sétst, dan kinne wy him besjén. Sa helle ik it bist út de sék, en sette it bist op de rûne tafel. Toen de kafébaas de bestelde slokjes op tafel sette, waar it de kalkoen tefolle, en skiet midden op de rûne tafel fan ’S Landswelvaren. Doe gooide de sprekker de peuk fuot, en hy gie fan de pakjedrager op it seal, sei goeie, en trape wer op syn fyts fuot, mei syn tinzen yn it âlde Heeg. Ik tocht jonge as jo lâns de dyk wurkje dan heare jo noch ’s wat. F.K