Himelfeart

19 april 2012

in Verhalen

It is op in iere moarn yn it foarjier, de sneon foar Peaske, stille sneon. Der komt op It Eilân in man yn in rap tempo syn hûs útstowen, mei in hûn. It bist jankt deroer en lûkt hurd oan ‘e riem. It liket súver hege need te hawwen. Dat is frjemd, sa docht it oars nea. Hielendal tsjin syn gewoante yn syket it bist net gau in geskikt plakje op mar lûkt it syn baas súver op in drafke mei. De man snapt der neat fan mar hy drafket mei – oer de brêge by Piersma en fierder lâns de Tollewei.

Foar Talma State is it op dit stuit fan ‘e dei noch rêstich, gjin minske dat him fernúvert oer in man dy ’t troch syn hûn meilûkt wurdt. By de nije skoalle slacht de hûn linksôf. De man der efteroan. By de lytse rotonde giet it rjochtsôf. De hûn skuort syn baas no súver efter him oan. Flak foarby de tún fan tandarts Sterk leit in timke lân, tusken twa sleatten yn. De hûn lûkt syn baas flak foar de brêge linksôf it paadsje op.

En dêr, hielendal op ’t ein fan ‘t paad, tsjin it wetter oan – wat sjocht er dêr lizzen? Dêr sjocht de man it lichem fan in frommes lizzen. In jong, behindich frommeske. Donker hier, eagen ticht. De jas fan gabardine is wat raer om har hinne slein. Hja leit op har side, mei de hânnen op ‘e rêch, yn ‘e boeiens. It is de fraach of ’t hja libben is of dea. De hûn sjocht fan it frommes nei syn baas, as woe er sizze: ‘Sjoch, dit wol ik Jo sjen litte…’ Hy snuffelt in momint oan har skuon en bliuwt dan stokstiif stean.

De man is der efkes mei oan. Hy strykt in pear kear mei syn hân oar syn kin en sjocht om him hinne. Dit is in opmerklike saak, in hiele opmerklike saak! Hy knibbelt nêst it lichem en fielt har pols. Neat… Dan fielt er foarsichtich mei beide hânnen oan har gesicht en oan har wangen. Neat…

Hy giet stean en sjocht wat helpleas om him hinne.

Foarby de húzen fan It Fabryk komt in buske fan ‘e plysje oanriden. It riedt oer de brêge, remmet ôf en slacht rjochtsôf it stikje lân op. Der stappe twa plysjes út, in man en in frou. Hja foegje harren by de man en de hûn. Wêr as hy wei komt en wat hy hjir docht. Dat witte wy. Mar wêr komt de plysje dan wei en hoe witte hja…

De plysje hat ûnderweis in tillefoantsje hân. Der soe hjir in lichem lizze. Dat kloppet dus. Fan wa ‘t tillefoantsje kaam? Net bekend, gjin nûmer efterlitten.

Libbet de frou noch? Unbekend.

Earst mar in kop kofje, ornearret de plysjeman. Hy pakt in thermosflesse en in pear kommen út ‘e auto en skinkt de kofje út. “Op ‘e goeie ôfrin!” seit er. “Proast!” seit de eigner fan ‘e hûn. “Jim ha op ’t lêst mear ûnderfining mei dit soart saken.” Hja drinke mei lytse slokjes en praete ûnderwilens. De plysjefrou seit dat hja harren nergens mear oer ferwûnderje. Der gebeure sokke frjemde saken tsjinwurdich, dan kin men wol oan ‘e gang bliuwe.

De plysjeman tinkt dat de hânboeiens fan it frommeske earst losmakke wurde moatte. Hja hawwe sels it materiaal dêrfoar net by harren. Wit de man fan ‘e hûn miskien in izersnijer of in leadjitter yn it doarp? Ja seker, hy kin him ek wol belje. De man hat gelok: de leadjitter/elektrisien komt der oan. Hy kin hjir binnen in kertier wêze, mei in izerseage en foar alle wissigens ek noch in snijbrânner. “Moatte wy nou einliks gjin ûndersyk dwaan?” freget de man. “Dat frommes leit der mar…”  De beide plysje-minsken drinke rêstich harren kofje op. It wurdt allegeare wat makliker op te lossen as de boeiens earst los binne, tinke hja.

Gauer as hja tinke komt er in man op in brommerke de daam opriden. Hy hat in kretsje mei ark efter op ‘e bagaazjedrager stean. “Wa of wat moat der losbrândt wurde”, freget er. De plysjeman nimt him mei nei it frommes en wyst him oan wat er barre moat. Kin er dat dwaen? De elektrisien sjocht wat ferheard fan ‘e plysje nei it lichem. Eh nee, dat is foar him gjin probleem, mar eh… No ja, hy siket syn ark út it kretsje. It duorret mar in momint dan fleane de fonken yn ‘e rûnte. In ôfgryselik lûd fan izer op stiel.

En dan bart er wat frjemds. As de boeiens los fan mekoar binne besiket it frommeske oerein te kommen. Hja giet stean, slacht de gêrsen fan har klean en sjocht ferheard om har hinne. “Wa binne Jo?” freget hja oan ‘e elektrisien, “… en wat moatte jim hjir?” freget hja dan oan ‘e oaren. “Us hûn”, seit de man. “In tillefoantsje”, seit de plysjefrou. “Myn snijbrânner”, seit de elektrisien. “Mar Jo sels dan”, freget de plysjeman dy ’t nei foaren stapt, “wêr komme Jo wei?”

De frou faget mei har hân oer it gesicht.“Ik bin hjir, tinkt my, al in hiel skoftke, mar ik wit net krekt hoelang. Ik bin hjir op in joun terjochte kaam…” Hja stoppet efkes, siket nei wurden. “Wat is it hjoed foar in dei?” freget hja. “Hjoed is it sneon, stille sneon, deis foar Peaske”, andert de plysje.

Hy nimt no de lieding. “Jo krije earst in kop kofje”, seit er en skinkt in kop fol yn Dan pakt er syn notysjeboek en in balpinne, klear om te skriuwen.“Fertel mar op, wat is der krekt bardt?” It frommeske pakt de kop kofje mei beide hânnen oan. Hja seit neat. Hja knypt har eagen in bytsje ticht foar de sinne dy ’t no, hjirwei sjoen, boppe Talma State stiet.

De plysjefrou en de man fan ‘e hûn en de elektrisien steane har nijsgjirrich oan te sjen. Hja binne benijd nei it ferhaal fan it frommes. Mar dy seit neat. Dy draeit de kofjekom yn har hânnen rûn, suchtet djip, noch djipper.

“Skeelt er wat oan?” freget de plysjeman. It frommeske set de kofjekom no del en sjocht de minsken foar har ien foar ien yn it gesicht. “Ik moat jim bedanke”, seit se, “mar foar my is dit no it ein. Ik moat jim hjir efterlitte. Myn tiid is no kommen…” En dan gebeurt er foar de safolste kear op dizze dei, dy ’t noch gjin twa ûren âld is, wat frjemds. It frommes giet stean, jout de kofjekom werom oan ‘e plysje, spried har earmen stadich útinoar en begjint dan te sweven as wie se gewichtleas.

In momint hinget hja mei har fuotten ûngefear op ‘e hichte fan ‘e holle fan ‘e omstânners. Dan kriget se gong, slút de earmen en giet yn folle faasje omheech. “Wat bliksem!” seit de leadjitter, “wat sille wy no belibje…” De hûn sjocht it frommes efternei en blaft ûnderwilens súver de longen út syn bealich. Syn baas slacht de hân fan kleare ferbazing foar syn mûle. Hy is stomslein.

De plysjeman docht syn notysjeboek ticht. “Hjir set ik gjin letter fan op papier”, seit er tsjin syn kollega. “Sa ’n proses, dat leaut gjin minske. Dêr meitsje wy ússels allinne mar ûnsterfelik belachlik mei…” “Folslein mei iens”, andert de kollega. “Wy ride fierder.”

Hja groetsje de man mei de hûn en de leadjitter, stappe yn it buske en ride efkes fierder de rûnwei op, de kant fan ‘e Gaastmer út. De leadjitter siket syn rommeltsje by inoar, smyt it yn ‘e kret en start syn brommer. De man fan ‘e hûn makket it bist fêst oan ‘e line, groetet de leadjitter en set as lêste ôf.

Dan leit de daam der wer by as wie der nea wat oan ‘e hân west

Symon van der Meer
’t Eilân 17