En griene tsiis: op syk nei de itensskiednis fan Heech

3 mei 2012

in Aankondigingen

en griene tsiis is in projekt fan Dorine van den Beukel en Freya Zandstra. Wy hâlde fan iten siede en brûke dêrfoar resepten fan oer de hiele wrâld, mar geandeweis waarden wy hieltiid nijsgjirriger nei iten fan tichterby hûs. Hoewol’t wy hjir yn it suvelhert fan Fryslân wenje, witte wy mar amper wêr’t de molke fan ús boeren hinne giet. It ferhaal fan de iel kinne wy fansels, mar fan skiednis fan de suvel yn ús streek – dy’t toch al mear as tûzen jier werom giet – is folle minder oerlevere. Doe’t wy de argiven yndûkten kamen wy in prachtich stik histoarje tsjin, yn skilderijen, foto’s en attributen: de prullebak by ús thús is in tsjerntûne, sa docht bliken en it plantebakje hat in molktsjetteltsje west. Dat ferhaal én dat fan de boeren fan no, wolle wy fêstlizze.

Dêr freegje wy jo help by. Ha jo op souder of yn ‘e skuorre noch ark te stean dat brûkt waard foar it bûter- en tsiismeitsjen? Binne der yn jo famylje resepten bewarre bleaun? Of tekeningen of foto’s? Ha jo noch ferpakkingen of reklamemateriaal fan it fabryk? Kinne jo ús nijsgjirriche ferhalen fertelle oer de suvel yn Heech? Wy hearre it graach.

Dorine van den Beukel

Freya Zandstra

Of mail ús email hidden; JavaScript is required

workshop bûter & tsiis meitsje en bôle bakke

Om wat fan dy boereskiednis ta libben te bringen, jouwe Dorine en Freya op Lytshuzen workshops. Want eartiids waard op eltse pleats molke ta tsiis en bûter ferwurke. Bôle waard bakt yn bakhúske op it boerehiem. Foar de boer, syn arbeiders en de buorlju. Moai wurk liket ús – ast it net alle dagen hoechst te dwaan. Mar hoe waard dat dien? Fyn it mei ús út yn in workshop bûter, brea en griene tsiis meitsjen.

Sjoch foar data op ús webside www.engrienetsiis.nl

Wy binne ek te folgjen op twitter: @engrienetsiis