Pake Snor

3 mei 2012

in Verhalen

It ferhaal fan pake Snor spilet op in buorkerij yn Rotstergaest, ûnder de reek fan ’t Hearenfean, yn it lêste jier fan ‘e Twadde Wrâldkriich. De âld baas sit bûten yn ‘e sinne jierpels te skilen. De hardershûn Hertha leit nêst him. Of en ta komt it bist oerein en rint nei de skuorre. Dêr lizze twa jonkjes fan har te sliepen. Hja snuffelt efkes oan ‘e jeugd en komt dan werom. Togearre mei pake foarmet hja einlik in soarte fan befeiligerstsjinst fan de buorkerij. As it waar it mar efkes talit binne hja bûten op it hiem. Moarns skielt pake jierpels. Die geane yn in grutte izeren panne. Nei de kofje geane die op ‘e kôkkachel yn it stookhok. Hy rekkent út hoefolle jierpels hy ûngefear skile sil foar it selskip dat middeis om ‘e tafel hinne sit. By de jongeljue witte jo nea wa ’t er bliuwe om mei te iten. Regelmjittich binne der mear as ien,twa ûnderdûkers oer de flier.

‘In healûre!’ Wylst pake sit te skilen komt de hûn oerein. It bist gromt súntsjes. Hja binne mei har twaën, de Dútske soldaten. Hja komme it hiem op rinnen. Der sit pake ûnfersteurber syn jierpels te skilen. De hûn stiet nêst him. De Dútsers bliuwe by him stean en freegje him hoelang oft it noch rinnen is nei ’t Hearenfean. “Die kant op”, seit pake, “noch in healûre”. De Dútsers sjogge inoaren oan. Dan freget de iene: “Eine halbe Stunde?” Pake sjocht net op of om en seit opnij: “In healûre”. De reaksje is wer itselde: “Eine halbe Stunde?” As de soldaat it foar de tredde kear prebearet wurdt pake ûngeduldich. Hy seit: “Niks halbe Stunde! As ik snotferdomme sis fan in healûre dan is it in healûre!” De soldaat hat wol troch dat it petear hjirmei oan ‘e ein is.

Syn maat is ûnderwilens de skuorre ynrûn en sjocht dêr om him hinne. Underyn it heafek sit in soarte fan holte. Dat is it skûlplak foar de ûnderdûkers. By it lûgjen fan it hea is der mei wat balken en planken in lytse romte útsparre. Dêr kinne hja yn gefal fan need yn weikrûpe. De Dútser wol witte wer as it gat foar tsjinnet en wer as it hinne giet. “Dêr sliept de hûn”, andert pake. De Dútsers sjogge him wanleauwich oan. Sjoch dan sels!” ried pake harren oan. Hy wit wat se dêr oantreffe sille. De iene Dútser jowt de oar opdracht om yn it hoal te krûpen, mar die komt er gauwer wer út as dat er der yngean is. Twa dagen lyn hat Hertha jongen krigen en pake wit dat hja de hûntsjes feilich opburgen hat yn it hoal. Hy hat se al sjoen mar de frjemde Dútser mei fan Hertha der absolút net ynkomme. Grânzgjend yn it tsjustere hoal komt er de soldaat temjitte. Die wit net hoe fluch as er fuot komme moat. “Mitkommen!” blaft syn maat. Dan reizgje hja ôf foar harren reis fan ‘eine halbe Stunde’ nei ’t Hearenfean.

Oarloch

Dit aardiche ferhaal fan pake Snor komt út in boekje fan Sijmen Duursma. Hy wennet sûnt in pear jier mei syn frou Hanny op Bolsert oan, yn Burchwert om krekt te wêzen. Eartiids hawwe hja jierren en jierren tichteby Utrecht wenne. Hy wie der heechleraar-dokter. Hanny wurke der yn tsjinst fan ‘e tsjerke. Nei harren pensjonearing binne hja nei Burgwerd ferhúze. Sijmen is in skoaljonge as ’t it oarloch is. Hy wennet dan mei syn heit en mem en syn suskes yn ’t Hearenfean. Syn heit Jelle sit oan syn earen ta yn it ferset. De Dútsers sykje him mar hy hâldt him lange tiid ferskûle. Hy komt op ’t lêst terjochte op de buorkerij fan Hendrik en Anne Hazenberg op Rotstergaest. Dêr docht hy opnij fûleinich mei yn it ferset tsjin ‘e Dútsers. Sa’n man ûnderdak jaan is lang net sûnder risiko’s foar de Hazenbergs, mar die ha dêr gjin boadskip oan. ‘Wie helpt, die leeft en wie leeft, die helpt,’ is harren motto.

Greet, de frou fan Duursma, wurdt oppakt en nei de finzenis yn Ljouwert brocht. Dêrút wurdt hja nei in dei en in nacht op in wûnderbaarlike wyze troch in ûnbekinde cipier weihelle. “Ik ferdwyn en jo ferdwyne ek. It mei jo goed gean!” Dat is alles wat de cipier tsjin har seit. Hja hat nea witten wha of hy is… Greet kriget krekt as har man ûnderdak op ‘e buorkerij fan Hazenberg. En op ’t alderlêst komme der ek Sijmen en syn suskes telâne. Dan is ’t hûs hast fol – acht oant tsien grutte en lytse minsken. Mar as de need oan ‘e man komt kinne der noch wol in pear by – minsken út it westen fan it lân, dy ’t gjin iten mear ha. Hja moatte harren regelmjittich ferskûlje as de Dûtsers razzia hâlde op joaden en ûnderdûkers. En yn ‘e nacht hearre se it monotoane lûd fan ‘e bommenwerpers. In inkelde kear komt er in fleantúch leech oerfleanen, te leech en mei in raar lûd slacht it dan in ein fierderop yn ‘e grûn. Op ien fan ‘e lêste dagen fan it jier 1944 wurdt Sijmen syn heit noch troch de Dútsers oppakt as hy mei in pear maten út it ferset dwaande is in ‘wapendropping’ te ferpartsjen. Twa en in heale moanne lang sit er fêst yn ‘e finzenis fan Grins. Hy tinkt dat er de befrijing net mear belibje sil. Oant in oppasser him út syn cel hellet. “Genietsje fan jo frijheid…”, seit de man. Hendrik Hazenberg stiet die deis efter syn hús as in meagere man mei in swier burd it hiem opfietsen komt. “Ferrek Jelle, bist do it! Gau nei binnen, nei dyn frou en bêrn…”

Manmoedich

It is fyfensechstich jier letter as Sijmen Duursma in boek skriuwt oer de oarlochstiid yn Rotstergaest, mar foaral oer de stille mar manmoediche hâlding fan Hendrik en Anne Hazenberg. ‘Rotstergaast ’43-‘45’ is de simpele titel. Op de binnenside: ‘Opgedragen aan Hendrik en Anne. ‘Wie helpt, die leeft – wie leeft, die helpt’. Yn it foarjier fan 2010, op 14 april om krekt te wêzen, wurdt it boek presenteare op de diel fan ‘e buorkerij yn Rotstergaest. It is dan op ‘e kop ôf fyfensechstich jier lynt dat de Kanadezen it súden fan Fryslân befrijd ha. It boekje wurdt oanbean oan Addie Hazenberg (soan fan) en oan boargemaster Koopmans fan Haskerlân as ‘in earbetoan oan Hendrik en Anne dy ’t in skûlplak bean ha oan ûnderdûkers en oaren op harren buorkerij yn Rotstergaest’.

Duursma hat kunde wenjen yn Heech, healwei Burchwert en Rotstergaest. Hy fertelt hjir it ferhaal fan pake Snor, mar benammen it ferhaal fan Hendrik en Anne Hazenberg. En it wurdt hjir no yn ‘e Sylboade trochferteld, yn dizze moanne fan betinken. It ferhaal fan twa manmoediche boereminsken – it is it mear dan wurdich!

Symon van der Meer

 

Pleats fan 'e Hazenbergs

Sijmen Duursma (l) en boargemaster Koopmans (m)