Rein Leenstra yn “Teatske”

3 mei 2012

in Aankondigingen, Evenementen

Oan alle ynwenners fan Heech!

It bestjoer fan de stifting “It Oustertrijegea” is drok dwaande mei de organisaasje fan it twadde iepenloftspul . “Teatske”, is in teaterbewurking nei it boek “Om Teatske” fan Klaas Jansma. Op 1, 2, 3 en op 7, 8, 9 Juni 2012 sil dit plak fine.

Hjirby wolle wy graach jimme oandacht freegje foar it iepenloftspul ‘Teatske’ dat yn ús it doarp Ousternijegea opfierd wurdt. Neat bysûnders sille jimme wol tinke mar it is dochs tige nijsgjirrich dat twa fan jim ynwenners harren meiwurking ferline oan dit iepenloftspul!

Elske Roorda is troch ùs stifting oanlutsen as regisseuse foar dit iepenloftspul. Ûnder har ynspirearrende lieding en mei in soad wille en entûsjasme hoapje wy hjir ‘n moai stik del te setten.

Ùs haadrolspiler komt ek út jimme doarp, te witten Rein Leenstra! Wy, binne hjirre tige bliid mei him! Rein spilet de rol fan Durk Feenstra, de haadpersoan yn it stik en dat docht hy mei passy!

Wêr giet it stik oer? Yn it koart it ferhaal fan “Teatske”.

Op in dei wurdt der yn in lyts Frysk doarpke immen fermoarde. De plysje ûndersiket alle spoaren en hâldt in man oan dy’t him nochal fertocht gedraagt. Mar is de man ek de echte dieder? In speurtocht folget troch it libben fan sawol de fertochte as fan it slachtoffer. Wêrom nimt immen it rjocht yn eigen hân en fermoardet in minske? “Teatske” is it ferhaal fan in hertstochtlike leafde, ûnferwurke emoasjes en de grutte ynfloed dy’t in moard hat op alle minsken dy’t der by belutsen reitsje. Skuldich as ûnskuldich, dat is de fraach. Slachtoffer as dieder? Sykje nei in wierheid , dy’t altyd oars is as wat wy miene te witten.

It skript is bewurke en skreaun troch Baukje van Hijum en wurdt opfierd by de klokkestoel yn Ousternijegea. Wy ferwachtsje in spannende foarstelling fan dizze psychologyske skriller fan Klaas Jansma en wolle jimme hjirby fan herte ùtnoegje om dit stik en jimme doarpsgenoaten tebewûnderjen!

Ùt namme fan it bestjoer, Froukje de Haan.

Foar mear ynformaasje: www. teatske.nu

 

Klaas Jansma, Elske Roorda en Boukje van Hijum

 

Rein Leenstra