Skriezeûndersyk yn Skriezekriete Idzegea

3 mei 2012

in Natuur in en om Heeg

Omdat it tige min giet mei de greidefûgels en yn it bysûnder de skries yn it Fryske lânskip is Ryks Universiteit Grins yn 2004 starten mei in langjierrich skrieze-ûndersyk yn Súdwest Fryslân. Oant 2012 ta waard dit útfierd yn it gebiet by de Iselmar lâns tusken rûchwei Starum en Makkum. Omdat der yn Skriezekrite Idzegea relatyf noch in soad skriezen sitte en op grutte skaal besocht wurdt om skriezen safolle mooglik piken grut bringe te litten, (tink oan oanlis plas-dras gebietsjes, letter meane, rûge dong struie, tsjingean predaasje troch it gebiet iepen te meitsjen, ensfh.) is it foar de ûndersikers ûnder lieding fan Prof. Theunis Piersma út Gaast en Jos Hooymeijer út Koudum nijsgjirrich om te sjen hoe at it Idzegeaster skriezen fergiet yn harren deistich libben.

Derfoar sil dit jier yn Skriezekrite Idzegea in grut oantal skriezen fongen en ringe wurde, om se dêrnei te folgjen yn it gebiet, mar ek mei de trek nei de oerwinteringsgebieden yn Afrika (Senegal, Guinee-Bissau) en, sa is koartlyn foar it ljocht kommen, ek yn Spanje en Portugal. Ek sil der sawol lytse as healgrutte piken ringe wurde om te sjen wat der úteinlik fan oerbliuwt. Sa kinne wy in goed byld krije fan wat al ús ynspannings opleverje en watfoar maatregels it measte risseltaat opsmite.

Dit ûndersyk sil yn 2012 rûnom Idzegea útfierd wurde troch Haije Valkema út Aldegea, yn gearwurking mei ekologe Yvonne Verkuil. Sy sille tusken healwei maart en healwei juny yn it gebiet aktyf oan de slach. De folwoeksen skriezen sille fongen wurde op it nêst mei in ynrinkoai as de aaien hast útkomme. Op dat stuit binne se goed brodsk en it bêst te fangen. Dernei krijt de fûgel kleurringen neffens in unyk kleurekombinaasjeskema en wurdt hy/sy mjitten en woegen en wurde bloed- en fearmonsters nommen om te sjen yn watfoar kondysje de fûgel is. De lytse pykjes wurde nei it útkommen mei in hiel licht rinkje ringe sadat se der gjin lêst fan ûnderfine, de wat gruttere skriezepiken (fanôf in dei as fjirtjin) kinne mei deselde ringen as de âlderfûgels ringe wurde. Sa binne de fûgels yn de takomst te folgjen. It is natuerlik ek nijsgjirrich wannear en hoefolle útfleine piken nei 1 of meardere jierren werom komme nei Idzegea of earne oars en op watfoar greiden sy har aaien útbriede wolle. Dus kin it sa barre dat jo yn de winter yn Spanje of Portugal op fakânsje binne dat jo op de rysfjilden Idzegeaster skriezen tsjinkomme!

Wy binne fansels tige bliid mei de útwreiding fan dit ferneamde ûndersyk nei ús gebiet, hjir kinne wy ek wer in soad fan opstekke en mei de ynformaasje dy’t wy út dit ûndersyk krije, kinne wy it behear fan de greiden noch better op de skries taheakje. En oer it algemien jildt dat wat goed is foar de skries, ek goed is foar alle oare greidefûgels! Sa kinne wy wer soargje dat it oantal greidefûgels rûnom Idzegea op in heech nivo bliuwe kin.

Komme jo kleurringe skriezen tsjin yn it fjild dan kinne jo dat melde by Haije Valkema of by ûndersykslieder Jos Hooijmeijer,  Email: email hidden; JavaScript is required

It kin fansels ek by de mannen fan Skriezekrite Idzegea:

Jelle Zeilstra, Sytse Terpstra, Evert Terpstra en Klaas Oevering.