“Grapke”

6 juni 2012

in Verhalen

It is die deis wat súterich waar as oan ‘e oare kant fan it doarp by Harm en Klaske de tillefoan yn it gongkje oergiet.

Hja sitte oan it middeismiel. Harm skout de stoel efterút en rint nei de gong. Hy pakt de heak fan it tastel en hâldt dy styf tsjin it ear. “Ja hallo!” ropt er. It is efkes stil. Hy lústert.

“Bliksem Pier”, ropt er dan, “dat is in hiel skoft lynt. Ik soe hast net mear witte hoe ofsto der no útsjochst. Jawis, der kinne wy wat oan dwaen… Wat seist? Oké, yn ‘e rin fan ‘e middei kom ik nei dy ta. Dan kinne wy der ris moai oer prate…Wat seist?…Om teetiid hinne. Klear, ôfsprutsen!”

Heak op it tastel. Harm werom nei de iterstafel.

Hy fertelt oan Klaske oer syn âlde maat Pier, dy ’t hiel lang lynt mei de frou emigreare is nei Kanada. Yn ‘e tuskentiid binne se wol ferskate kearen werom west mar meastentiids wiene se dan by har femylje, earne yn Grinslân. Net lang foar de ieu-wikseling binne hja werom kaam, foargoed. Frou oanwennich. Hja hawwe no plak krige yn Talma State. Net te leauwen…

Tsjin teetiid lûkt Harm de jas oan. Hy sil rinne, dat liket him better as op ‘e fyts. Hat er drekt syn daaglikse kuijerke. Pet op, klear. Hy sjocht wol wanneer hy werom komt. Hy skarrelt oer ‘e Nijedyk en troch de Haerinxmastrjitte. By Jonas de hoeke om, brêge oer en foar de Koöp lâns nei Talma State. It frommeske oan ‘e balie fertelt him wêr as hy de beide minsken fine kin.

Harm rint by de keamers lâns en stoppet dan, drukt op ‘e skille en wachtet. Hy is benijd. Soe er de minsken noch kenne? Ja, dat kin dochs net misse. It kleed foar de doar wurdt oan ‘e kant skout. Der ferskynt in frou, kreas, prústich frommeske. De doar giet iepen. “Jo kinne hjoed net op besite komme!” seit de frou. Se hâldt de doar noch efkes iepen. Harm is súver wat ferstuivere.
“Hiske, kinst do my net mear?” seit er dan. “Pier hat my…”
“Ik siz jo: hjoed kinne jo net op besite komme!”

De doar giet ticht. It kleed wurdt der wer foar skout. Harm is der in bytsje mei oan. Hy rint werom nei de útgong en sjocht om him hinne. By de baalje is gjin minske. Hy beslút mar nei hûs te gean.

As hy thúskomt sil er krekt oan Klaske syn ferhaal fertelle as de tillefoan giet.

“Hallo!” ropt er yn ’t apperaat. Oan ‘e oare kant Pier. It spyt him tige mar Hiske is út en troch net hielendal yn oarder. Dan is ’t mis mei har en dan kin se mar raar út ‘e bocht fleane. Fan ‘e middei wie se Pier krekt foar. It muoit him tige mar sa giet it wol faker, in inkelde kear. Soe Harm it noch wolris oandoare en kom nei Talma State? Hy, Pier, sil no soarchje…

Ja, Harm hat er begryp foar. Hy hat de jas noch oan. Hy giet drekt noch in kear ûnderweis. Oer in kertier dan kin er dêr wer wêze. Hy pakt no de fyts, dat sjit wat hurder op. Nijedyk, Haerinxmastrjitte, Koöp, Talma State…

Hy knikt tsjin it frommeske efter de baalje en stifelt troch nei de keamer fan Pier en Hiske. Hy drukt op ‘e skille. It kleed giet oan ‘e kant. Hiske ferskynt en docht de doar iepen.

“Binne jo der no wêr?” freget se, “en ik sei noch sa tsjin jo: hjoed net!” Dan wurdt hja foarsichtich troch Pier oan ‘e kant treaun. Harm moat der ynkomme, fansels, en Hiske wol de tee wol ynskinke… Hiske stiet in amerij nei de beide mannen te sjen.

“Tee ynskinke, ja natuurlik”, seit se dan, “ Die Harm dochs, neat feroare…”

It is gesellich yn ‘e keamer. Pier en Harm komme wurden tekoart om te fertellen hoe of alles yn ‘e ôfrûne jierren ferroun is en lang om let beteard is. Hiske lústert ta en freget soms wat en is tige belangstellend. Fierders neat oan te fernimmen.

As de manljue in stik hinne klear binne mei harren ferhaal stiet Harm op. Dit moat faker barre. Hy sil Klaske de oare kears ek meinimme. Mar earst moatte Pier en Hiske no nei de Nijedyk komme. Ofsprutsen!

De gasthear en syn frou beide litte Harm út. As Harm noch in kear syn hân ta ôfskie opstekt seit Hiske: “Dat fan fan’e middei, dat wie in grapke, hjer!” Dan giet de doar ticht.

Symon van der Meer
’t Eilân 17